Geert van Tuinen is op besite by Karst Berkenbosch yn Aldeberkeap. Hy wennet dêr yn de earste legere lânbouskoalle fan Nederlân. De teaterman, skriuwer, skilder en muzikant hat sels in teater yn syn hûs mei plak foar 65 minsken.
Geert van Tuinen sjocht by Yde Schakel yn Allingawier. Syn wenning is in selsboud 'kastiel' dat Allingastate neamd wurdt. Yde Schakel (1928) wurke as oannimmer en restaurateur en brûkte ferskate boustilen foar syn eigen hûs.
Geert van Tuinen is by Anneke Haarsma yn Wittelte, yn it súdwesten fan Drinte. Anneke Haarsma komt oarspronklik fan Sumar. Se is regiomanager by it COA, Centraal Orgaan opvang Asielzoekers.
Geert van Tuinen sjocht by skriuwster Joke Keizer. Se wennet yn Ljouwert yn in hûs fan mear as hûndert jier âld. Se hâldt fan reizgjen, skriuwt der ek oer en ferhiert keamers yn har hûs.
Geert van Tuinen is by grimeur Arjen van der Grijn op besite op De Tynje. Hy wennet yn in âlde pleats en Geert sjocht yn syn atelier dêr't er al syn pruken en brillen bewarret fan typkes fan ûnder oare Van Kooten en De Bie en Jiskefet.
Van Tuinen giet op besite by sjonger en kafeebaas Hessel op Skylge. It petear giet oer de karrière fan Hessel en fansels sjocht Geert jûns by in optreden yn syn kafee De Groene Weide.