Boppedat 1998 Minderheden yn Dútslân 1
Yn Noard-Fryslân, yn it uterste noarden fan Dútslân, prate sawat 8000 minsken Frasch. Dy taal is famylje fan ús Frysk. Om't de groep Frasch-praters sa lyts is, is it foar harren in toer om ek in partner foar it libben te finen dy't ek Frasch praat. Sa komt it dat der op it fêstelân fan Noard-Fryslân noch mar in pear famyljes binne dêr't de man, de frou en de bern allegear Frasch prate. Ferslachjouwer Onno Falkena wie yn it ramt fan it Dútsk-Nederlânske sjoernalistenstipendium twa moannen yn Dútslân en ek in pear wike yn Noard-Fryslân. Hy makke yn gearwurking mei kameraman Evert van den Berg it folgjende portret fan de Noard-Fryske famylje Boysen út Risum-Lindholm.


