Hjoed: Hûneshow 28 maart 2005

Hjoed: Hûneshow 28 maart 2005

28 Maart 2005

De konkurrinsje tusken de ferskate hûneshows yn Nederlân wurdt te grut. Dêrtroch luts de ynternasjonale hûneshow yn Ljouwert wer minder hûnen as ferline jier. Sa stelt de organisaasje. Krapoan 2100 hûnen wiene der oanmeld, yn de heechtiidsdagen wiene dat der 500 mear. De ferskate hûneshows binne sa flak achterinoar pland dat minsken in kar meitsje moatte.

Hjoed: Hûneshow 12 april 2004

Hjoed: Hûneshow 12 april 2004

12 April 2004

En dan in oare klassiker op peaskemoandei, de ynternasjonale hûneshow. De belangstelling is al jierrenlang grut. Sa'n 15.000 besikers kamen hjoed nei it FEC. 2300 rashûnen setten har bêste poatsje foar. En dat is sels noch wat mear as de ôfrûne jierren.

Hjoed: Hûneshow 21 april 2003

Hjoed: Hûneshow 21 april 2003

21 April 2003

Op de tradisjonele ynternasjonale hûneshow yn it Ljouwerter FEC wie hjoed de fûgelpestkrisis ek te fernimmen. Der binne ekstra feedokters ynset om twifelgefallen út it suden en België te keuren. Guon dielnimmers mochten net meidwaan en oaren út Brabân woene net. De organisaasje hopet mei de maatregels foar te kommen dat de tûzenen besikers fan de hûneshow it firus ferspriede.

Hjoed: Hûneshow 1 april 2002

Hjoed: Hûneshow 1 april 2002

01 April 2002

De ynternasjonale hûneshow lûkt hieltyd minder hûnen. Dit jier diene der 2100 hûnen mei, yn 1999 wiene dat der noch 2600. In lanlike tendins dy't ek yn Fryslân te fernimmen is. Nettsjinsteande it legere tal hûnen kamen der tûzenen minsken ôf op dizze 35e hûneshow yn it FEC yn Ljouwert. Dit jier mei in Fryske primeur: it "Doggy Dancing".

Hjoed: Hûneshow 24 april 2000

Hjoed: Hûneshow 24 april 2000

24 April 2000

2350 hûnen hjoed op de 35e ynternasjonale hûnetentoanstelling yn it FEC yn Ljouwert. Foar de earste kear ek 24 dielnimmers út Ingelân. Dat is bysûnder want oant no ta koene je mei in hûn Ingelân hast net yn of út komme. It bist moast dan 6 moannen yn karantêne. Ek nij is dat de hûnen yndield binne neffens nije raskategoryen. Der wiene 9, dat is no oanpast oan it bûtenlân, dêr't se 10 haadrassen kenne.

Hjoed: Hûneshow 5 april 1999

Hjoed: Hûneshow 5 april 1999

05 April 1999

De hûneshow yn Ljouwert hat neat te lijen fan de negative publisiteit om agressive hûnen hinne de lêste tiid. It publyk wie op 'e nij manmachtich oanwêzich op de tradisjonele keuring yn it FEC. Wol kleie de fokkers oer it plan fan lânbouminister Apotheker foar in agressiviteitstest foar in tal hûnerassen. De fokkers fine it ûnridlik dat krekt in pear rassen derút pakt wurde.

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

13 April 1998

Topdrokte hjoed by de Peaskehûneshow yn it FEC. Ekstra kassa's wiene der nedich om de tûzenen besikers oan te kinnen. Nei in oere wiene der al 7.000 minsken om de 2650 hûnen te besjen. De 32e ynternasjonale tentoanstelling wurdt hâlden yn de trije nije hallen fan it FEC. Meinamme foar de demonstraasje fan de plysjehûnen wie in protte belangstelling.

Hjoed: Hûneshow 8 april 1996

Hjoed: Hûneshow 8 april 1996

09 April 1996

Minder taskôgers as ferline jier. Tusken de 8.000 en 10.000 minsken luts de ynternasjonale hûnetentoonstelling juster yn it FEC yn Ljouwert. 2850 hûnen waarden kard. En dat wiene der wol wat mear as ferline jier. Op de ynternasjonale tentoanstelling komme minsken ôf út hiel West-Europa. En dat betsjut dat de
Ljouwerter tentoanstelling ynternasjonaal hieltyd mear betsjutting krijt.