In programma út 2006 oer de gefolgen fan in driigjende fûgelgryp foar hinneboeren, hinnefangers en hinneslachters. Programmamakker Albert Jensma gie mei in ploech hinnefangers op paad en frege oft se har ek soargen meitsje oer de fûgelgryp. De hinnen dy't de Harekiten fange, geane nei hinneslachterij Frisia yn Haulerwyk om ferwurke te wurden. Wat dogge de mannen fan Frisia om it firus bûten de doar te hâlden? Hinnefokker Piet Faber fan Nijeberkeap kriget al pikefel as hy in keppel guozzen fleanen sjocht.
Programmamakker Albert Jensma sjocht by it draafsintrum yn Wolvegea. De hynstesport sit yn swier waar en it is ûnwis hoelang oft de baan bliuwt. Tjalko de Witte en Wiebe Hofstra ha as ynterim-bestjoer in plan foar rêding betocht: de koersen moatte op telefyzje komme. We sjogge by trainer/pikeur Cees Kamminga dy't goed 40 hynders traint. Ek komt besiker Ale Noppert oan it wurd dy't al 40 jier alle sneonen de koersen besiket en Sjoerdje Oosterbaan fan it wedkantoar leit it wedsysteem út.
Programmamakker Mirjam van der Veen siket út oft bisteleafhawwers har dieren begrave of kremearje. Se praat mei meiwurkers fan in bistekrematoarium, in bistedokter, in katteleafhawwer dy't al 20 katten ferlern hat en in boerinne dy't in soad bisten hat.
Programmamakker Ronnie Porte ûndersiket de drugsoerlêst by de Mercuriusfontein yn Ljouwert. Minsken fine it in ûnfeilich plak. Hy praat mei ferskate drugsferslaven, minsken fan tafersjoch en ûndernimmers. Tink derom der sitte bylden yn dy't mooglik heftich binne om te sjen.
Programmamakker Gerard van der Veer sjocht yn de nijbouwyk Suderbuorren yn it suden fan Ljouwert. Al 1.000 huzen binne boud en der moatte noch sa'n 900 by komme. Huzen op romme kavels, faak oan it wetter foar minsken mei in flinke beurs. We sjogge by Jelle en Pietje Huitema dy't by de bou sjogge en ride mei Cor Brinksma, de ynformele boargemaster, troch de wyk. Wethâlder Roel Sluiter wennet der ek, hy is entûsjast oer de wyk. Fierder sjogge we by moetingsplak, de supermerk, giet it oer it bosk fan Pylkwier.
Programmamakker Annet Huisman folget de Ljouwerter skilder Gerard Boersma yn New York dêr't er in eksposysje hat yn in galery. Hy makket hyperrealistysk wurk fan minsken yn de stêd. Ek it Fries Museum hat in wurk fan him kocht.
Programmamakker Evert van den Berg sjocht werom mei Jochem Leijstra (slachter) en Jan Leijstra (monteur) op har reis mei Sujan Singarajah nei Sri Lanka. Se ha allegear guod ynsammele foar de minsken dêr dy't troffen binne troch de tsunami.
Programmamakker Annet Huisman folget Theater Romein yn Ljouwert dat hast ticht moat. De Westertsjerke biedt plak oan in ferskaat oan kulturele uteringen lykas dûns, literatuer, muzyk, keunst, debat, teätersport en eksposysjes. De polityk hat besletten dat Romein slute moat, mar de besikers, meiwurkers en artysten binne it der net mei iens. We sjogge by it stêfoerlis, it konsert fan Conjunto Ibérico en teätersport.
Programmamakker Albert Jensma sjocht by de bou fan de parkearkelder by de Aldehou yn Ljouwert. Op acht meter djipte wurdt groeven en archeologen besjogge krekt wat der yn de grûn sit. Hy praat mei de archeologen dy't der no oan it wurk binne, mar ek mei minsken dy't wat witte fan de eardere opgravingen yn 1968 en de fynsten fan doe. Op dit plak wie earder in terp en de Sint Vitustsjerke, dus fynsten fertelle oer it ûntstean fan de stêd.
Programmamakker Evert van den Berg siket út hoe't it sa út de hân rinne koe yn de Klysterstrjitte yn Feanwâlden. Dêr is spul tusken buorlju útrûn op oarloch mei as gefolch dat in Somalyske húshâlding flechtsje moast. Oanlieding wie lûdsoerlêst of is der sprake fan rasisme? De buorlju Bubb en Wijbenga komme oan it wurd en oare buertbewenners, mar ek boargemaster Arie Aalberts en LC-sjoernalist Eva Vriend oer de berjochtjouwing yn de media.
Programmamakker Annet Huisman dûkt yn de problematyk fan de Wyldemerk. Yn dit natuergebiet fan Steatsboskbehear yn de gemeente Gaasterlân-Sleat binne plannen om in nije campus te bouwen foar probleemjongeren. Foar- en tsjinstanners komme oan it wurd lykas boer Andries Folmer dy't as buorman tsjin it plan is, wylst syn boerbuorman Johannes Boonstra it lân ferkocht hat foar it plan. Rick Steur (CVO Fryslân) en inisjatyfnimmer Herriet Weegenaar lizze har ideeën út, basearre op de Eagle Rock School. Ek komme oare bewenners oan it wurd en de polityk.
Programmamakker Gerard van der Veer folget Geert Dales, dy't no hast in jier boargemaster fan Ljouwert is. Guon fine dat er tefolle yn de media is, mar oaren binne fan. De eardere wethâlder fan Amsterdam hat in drok skema. We folgje him ûnderweis nei in besite oan de boargemaster fan Snits, Arno Brok. We sjogge him oan it wurk yn de ried fan Ljouwert en by wurkbesites oan it Friesland College en dakleaze-opfang De Terp. Ek krijt er it jubileumboek fan de BFWV fan Sake Roodbergen.