180301_C48.mp4

LTV: Wat in wurk: De limnologen

22 Oktober 1989

In limnolooch ûndersiket swiet wetter. Yn 1906 is foar it earst ûndersyk dien nei it wetter fan de Tsjûkemar. De mar is noch altyd in belangryk stúdzje-objekt. Troch meunsters te nimmen dogge se ûndersyk nei algen en fisken. Rivieren, puollen en marren wurde bedrige troch fersmoarging. Yn it laboratoarium wurde de meunsters neier ûndersocht.

180306_WATINWURK_BEAMFERSOARGER_1.mp4

LTV: Wat in wurk: De beamfersoarger

15 Oktober 1989

Maurits Zeinstra fan Friens is beamfersoarger. Mei syn reade ljedderauto, in eardere brânwachtwein út Berlyn, rydt er troch de provinsje. Hy komt by partikulieren, oan de dyk en yn de bosk. Meastentiids moat er achterstallich ûnderhâld dwaan, mar beammen kinne ek skea oprinne troch minsklik hanneljen lykas it tichtsmiten fan in feart wêrtroch de wetterhúshâlding net goed mear is. Undersikers besjogge de stân fan saken fan beammen troch mei in soarte fan termometer gegevens te sammeljen.

180305_WATINWURK_MUSKUSROTTEFANGER.mp4

LTV: Wat in wurk: de muskusrottefanger

08 Oktober 1989

De muskusrôt is in wiere pleach foar it lân. Der wurdt dan ek fol ynset op de bestriding fan it bist. De provinsje hat 23 fangers yn tsjinst en 17 preemjejagers. Nei in melding fan in boer yn Terherne komt de fanger del om in fal by it hoal te setten. Undersikers besjogge de fersprieding fan it bist om sa mear te witten te kommen, se fange se yn koaien en folgje se mei in stjoerder.

LTV Wat in wurk: De lytse selsstannige

LTV Wat in wurk: De lytse selsstannige

27 April 1989

Portret fan de buertsuper yn Turns. Jan Bootsma wie earder bakker en bakt no noch trije dagen yn de wike en hat mei syn frou in lytse winkel mei iten. Guon klanten komme der al 40 jier. Hy besoarget de boadskippen ek bûtenút, en komt ek by Tsjerkje fan kafee De Klieuw. Yn Penjum is ek in buertsuper, de eigener kombinearret it mei in pizzeria. Jan Hettinga fan Feriening Lytse Doarpen fertelt oer it belang fan winkels op de doarpen. Ek sjogge we by in kursus foar jonge ûndernimmers.

LTV Wat in wurk: De kapster

LTV Wat in wurk: De kapster

20 April 1989

Portret fan it kappersfak. We sjogge by kapsalon De Frissel yn Bûtenpost fan Elly Kramer. Se sit al tweintich jier yn it fak en it ferfeelt har noch altyd net. Ek sjogge we by twa kappersopliedingen: by De Esken wurkje en leare de learlingen tagelyk en by De Zwettepoort leare se it fak ek op de mdgo-oplieding. Kappers wurde min betelle, dêr fertelt ien fan it fakbûn FNV oer.

LTV Wat in wurk: De boufakker

LTV Wat in wurk: De boufakker

13 April 1989

Portret fan it wurk yn de bou. We sjogge by Ynte Kuindersma dy't by in lytse oannimmer op De Jouwer wurket en ferskate putsjes deis docht as allround timmerman, lykas in ferrot kajút of lekkaazje. Ek sjogge we by de bou fan in hege flat yn Ljouwert. Dêr wurkje tal fan minsken oan mei grutte kranen. Yn de bou barre in soad ûngelokken. De Arbeidsynspeksje sjocht ta op de feilichheid. Ek sjogge we by learling-boufakkers.

LTV Wat in wurk: De wykferpleechkundige

LTV Wat in wurk: De wykferpleechkundige

06 April 1989

Portret fan wykferpleechkundige Akkie van der Werf fan De Wylgen. We folgje har by har wurk by Groene Kruisvereniging Wynjewâld en omstreken. Se komt by de minsken thús om te helpen yn de fersoarging, lykas waskje en oanklaaie mar helpt ek by it spuitsjen fan ynsuline of fersoarging fan in wûne. Se helpt net inkeld âlde minsken dy't harsels net mear rêde kinne, lykas de 107-jierrige frou dy't mei har soan op in pleatske wennet, mar komt ek by jonge âlden oer de flier om by poppen de hylprik te setten.