Wyn op Woansdei: Sosjale winkel

Wyn op Woansdei: Sosjale winkel

24 Septimber 2003

Programmamakker Gerard van der Veer sjocht by de Sosjale winkel. Dêr kinne minsken yn finansjele need foar hulp en advys oanklopje.Hy praat mei ferskate kliïnten, bygelyks mei hierskuld of dy't op strjitte libje, en mei de meiwurkers. It tal oanfragen nimt hieltyd mear ta, de meiwurkers kinne it wurk amper mear oan.

Wyn op Woansdei: Emigraasje

Wyn op Woansdei: Emigraasje

17 Septimber 2003

Programmamaker Evert van den Berg giet op besite by trije boeren. Sjouke Bruinsma is al emigrearre. Hy buorket mei in protte sukses op de hellingen fan de heechste berch fan Afrika, de Kilimanjaro. Hy is beantsjekweker en hat op dit stuit al mear as 250 minsken yn tsjinst. De famylje Meesters út Lippenhuzen is krekt werom fan in teloarstellend avontoer yn Denemarken. De famylje Van de Belt út Donkerbroek hat lykwols plannen om nei Denemarken te emigrearjen. Is emigrearjen anno 2003 in opsje no't it net goed giet mei de lânbou yn Fryslân? Ek praat er mei minsken fan de NLTO.

Wyn op Woansdei: Smaak

Wyn op Woansdei: Smaak

10 Septimber 2003

Programmamakker Albert Jensma hat noed oer it ferdwinen fan smaak en tradisjonele gerjochten. Hy praat mei ferskate minsken lykas Tjeerd Lautenbach, slachtersfeint by Slachterij Bonnema yn Minnertsgea, dêr't se neffens âld resept drûge woarst meitsje. Klaas Kasma,eigener-kok fan restaurant Piet Paaltjens yn Ljouwert, ferpoft it om him oan alle regels fan de itenfeiligenswet te hâlden. Tsiismakker Connie van Eijden makket sels boeretsiis yn Ryptsjerk. Hielke van der Meulen docht ûndersyk nei âlde streekgerjochten.

Wyn op Woansdei: Nei de brêgeklasse

Wyn op Woansdei: Nei de brêgeklasse

03 Septimber 2003

Programmamakker Annet Huisman folge Grietje Sybesma fan De Hommerts de trije earste skoaldagen mei in lytse kamera. Se giet op de fyts, mei fiif klasgenoatsjes, nei de HAVO/VWO brêgeklasse fan it Bogerman yn Snits. Grietje hat der sin oan en liket der ek oan ta te wêzen, mar dat nimt net wei dat it allegearre dochs spannend en nij is. Mentorles, wiskunde, Dútsk, lange dagen en in tas dy't fan de fyts falt.

Wyn op Woansdei: Flechtlingesoarch

Wyn op Woansdei: Flechtlingesoarch

06 Maart 2018

Programmamakker Gerard van der Veer berjochtet oer de skaadkanten fan de nije frjemdlingewet. Wylst polityk Den Haag it sukses fiert fan it weromrinnend tal asylsikers, wurde oeral yn it lân hieltyd faker asylsikers op strjitte set. Hy folge oardel moanne de frijwilligers fan de Stichting Vluchtelingenzorg Wûnseradiel, dêr't Jos Buis de driuwende krêft fan is. De stichting fangt 30 asylsikers op, dy't de ôfrûne fjouwer moannen út de AVO fan Wytmarsum set binne. Guon binne noch net útprosedearre, mar ha gjin rjocht mear op opfang.

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

28 Maaie 2003

Programmamakker Albert Jensma sjocht by de fiskershaven fan Lauwerseach. Dy moat de kommende jierren de omslach meitsje fan fiskershaven nei toeriste-oard. Dat blykt út in rapport oer de takomst fan de haven fan Lauwerseach, want it giet net goed mei de fiskerij en de hannel deryn. Op de fiskôfslach wurdt hieltyd minder fisk oanfierd omdat de see leech rekket. De gruttere fiskersskippen komme hjir net omdat de fargeul te ûndjip is. Dan komt der noch by dat de thúsfloat fan in lytse 70 garnalekotters op dit stuit yn in flinke krisis sit.

Wyn op Woansdei: Ramsi

Wyn op Woansdei: Ramsi

21 Maaie 2003

Programmamakker Annet Huisman folget in dei lang Palestyn Ramsi. Dit kleurryk figuer yn Ljouwert is altyd dwaande mei it fuorjen fan fûgels. Net alle buertbewenners binne like wiis mei him. De bôle hellet er by restaurants wei en ûnderweis rêdt er alle rommel fan strjitte op.

Wyn op Woansdei: MCL Súd

Wyn op Woansdei: MCL Súd

07 Maaie 2003

Programmamakker Evert van den Berg sjocht by de nijbou fan it MCL, Ljouwerter sikehûs. Hy praat mei minsken fan de bou, rie fan bestjoer en wurknimmers. It grutste part fan it gebou stiet al, no moat de ôfwurking dien wurde. In tal wurknimmers krijt alfêst in rûnlieding, de boukoördinator leit út wêr't wat komt en we sjogge wat sjen komt by de tarieding fan de bou. Der wurkje 250 boufakkers oan.

Wyn op Woansdei: Oranjegefoel

Wyn op Woansdei: Oranjegefoel

30 April 2003

Programmamakker Gerard van der Veer ûndersiket it Oranjegefoel, net dat wat mei it fuotbaljen te krijen hat, mar mei it keningshûs. Wat is de hâldberheidsdatum fan de monargy? Hy giet op besite by jonker Cees van Eysinga en syn frou barones Van Harinxma thoe Slooten yn Huize Boschoord yn Sint-Nyk. De jonker wie 23 jier lang keamerhear fan Juliana en Beatrix en hat nauwe bannen mei de keninklike famylje. Ek praat Gerard van der Veer mei twa republikeinen dy't neat fan it keningshûs ha moatte: Lútsen Haak en Yvonne Rutgers.

Wyn op Woansdei: Dag Bonnehos

Wyn op Woansdei: Dag Bonnehos

23 April 2003

Programmamakker Evert van den Berg rint in pear dagen mei yn MCL-Noard, it âlde Roomske Bonifatius-sikehûs fan Ljouwert. It sikehûs dat 'Bonnehos' neamd wurdt giet ticht en plat. Hy praat mei in grut ferskaat oan minsken oer de betsjutting fan it sikehûs en it ôfskied dat der oan sit te kommen. We sjogge û.o. yn de keuken, de kapel, de keamers fan de susters en it mortuarium. Der binne noch trije susters yn it sikehûs.

Wyn op woansdei: Boksen

Wyn op woansdei: Boksen

09 July 2003

Yn boksskoalle Olympia yn de Ljouwerter seeheldebuert traine 12 jonges snoeihurd foar de kampioenskippen fan Noard-Nederlân. Talint Martijn Hofstra (15) bokst al 6 jier en ferwachtet dit jier kampioen yn de gewichtsklasse oant 60 kilo te wurden. Goran Asatrian (32) út Armenië hat yn it Russyske leger sitten en mear as 100 partijen bokst. Hy mept sa fûl dat hast gjinien mear tsjin him bokse wol. Tabe Kooistra is de man dy't Olympia al mear as 30 jier draaiende hâldt. Programmamakker Albert Jensma.

Wyn op woansdei: PABO-nivo

Wyn op woansdei: PABO-nivo

27 Novimber 2002

Wyn op Woansdei giet oer de kwaliteit fan de masters en juffen op de basisskoalle, no en yn de takomst. Sintraal stiet in test dy't we dienen mei in groep treddejiers PABO-studinten. Wat sommen, in diktee en wat topografy. De resultaten wiene 'rampzalig'. Ek net bêst: ynterviews op strjitte op it Hearrenfean: tieners dy't de tafels net kinne en tinke dat Enschede by Breda leit. In programma fan Evert van den Berg.

Pages