Wyn op Woansdei: Lauwerseach

28 Maaie 2003

Programmamakker Albert Jensma sjocht by de fiskershaven fan Lauwerseach. Dy moat de kommende jierren de omslach meitsje fan fiskershaven nei toeriste-oard. Dat blykt út in rapport oer de takomst fan de haven fan Lauwerseach, want it giet net goed mei de fiskerij en de hannel deryn. Op de fiskôfslach wurdt hieltyd minder fisk oanfierd omdat de see leech rekket. De gruttere fiskersskippen komme hjir net omdat de fargeul te ûndjip is. Dan komt der noch by dat de thúsfloat fan in lytse 70 garnalekotters op dit stuit yn in flinke krisis sit. Sûnt jannewaris is de priis fan in kilo granaten op de ôfslach de helte minder as ôfrûne jierren en de sfear is op de haven bot ferpest hjirtroch. Albert Jensma praat mei hannelers en fiskers en sjocht by it fiskjen en op de feiling.