Hjoed: Opskuor om de dominomosk

Hjoed: Opskuor om de dominomosk

15 Novimber 2005

Noch net earder hat de dea fan ien mosk foar safolle opskuor soarge as dy fan de dominomosk. It fûgeltsje wie it ôfrûne wykein de hal fan it FEC ynflein dêr't drok wurke waard oan Domino Day. It bist smiet goed tweintichtûzen stientsjes om. Om mear skea foar te kommen is de mosk mei in luchtbuks deasketten. Dat hat oant oer de Nederlânske grinzen foar lilke reaksjes soarge.

Hjoed: tongblier, noch mear gefallen

Hjoed: tongblier, noch mear gefallen

14 April 2001

Yn Hjoed fan 14 april 2001 it nijs dat der fertinkingen binne fan twa nije gefallen fan tongblierútbraak. It giet om skieppeboeren yn Ie en Eajnum, bedriuwen flakby de eardere útbraken. De bisten binne romme en in grutter gebiet is ôfset. Yn it Friesch Dagblad binne 500 reaksjes kommen op in oprop fan meilibjen. Yn Moarre hingje de flaggen healstôk. Biologysk boer Oosterhof hat in alternatyf tsjin it yntsjen, it is in homeopatysk middel.

Hjoed: tongblier, oer de RVV

Hjoed: tongblier, oer de RVV

13 April 2001

Yn Hjoed fan 13 april 2001 belibbet Fryslân dei trije fan de tongblierkrisis. De RVV (Rijksdienst voor de keuring van Vee en Vlees) moat de bisten romje en plysje kontrolearret elk dy't it besmette gebiet yn of út moat. Ferslachjouwer Douwe Boersma docht ferslach út Ie wei, hy praat mei de winkeleigener dy't syn klanten gerêststelt dat se net hoege te hamsterjen. Sels hellet er syn bôlen by de ôfsetting wei.

Hjoed: tongblier, it twadde gefal

Hjoed: tongblier, it twadde gefal

12 April 2001

Yn Hjoed fan 12 april 2001 it nijs dat Fryslân te krijen hat mei in twadde gefal fan tongblier. Nei Ie is de besmetting no ek yn Eanjum konstatearre. Skieppeboer Teun de Vries hat grutte noed oer syn skiep. Neffens W. Veenstra fan De Pein is de reekplom fan destruksjebedriuw Rendac yn Sumar de oarsaak fan de besmetting.

Hjoed: tongblier, de útbraak

Hjoed: tongblier, de útbraak

11 April 2001

Yn dizze ekstra Hjoed it nijs dat op 11 april 2001 Fryslân te meitsjen krijt mei de útbraak fan tongblier. Op in pleats yn Ie komt de melding dat twa kij besmet rekke binne mei it firus. Feearts Egberink komt by de melkfeehâlder om syn kij te ûndersykjen. Al it fee, sa'n 100 kij, moat romme wurde. De plysje set it gebiet ôf. Yn in straal fan twa kilometer om de pleats hinne moatte alle bisten ek romme wurde. It giet om 37 bedriuwen mei tusken de 2.500 en 4.000 stiks fee.

Hjoed: Fryslân 500, de offisjele betinking

Hjoed: Fryslân 500, de offisjele betinking

20 Juny 1998

Yn Hjoed fan 20 juny 1998 is de offisjele betinking fan Fryslân 500 te sjen. Dat wie yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert yn bywêzen fan prinsesse Margriet. Kommissaris Loek Hermans faget de flier oan mei de minsken dy't krityk ha op Fryslân 500. Fryske organisaasje boykotte de betinking. Neffens Hermans is 1498 in kearpunt yn de skiednis en hat it de basis lein foar ús bestjoersfoarm. Yn de dêropfolgjende reportaazje is te sjen dat oan de oprop om te flagjen net folle gehoar jûn is. Yn Bitgum wapperet de swarte flagge oan de tsjerketoer, in inisjatyf fan de koster.

Hjoed: Fryslân 500 oer de bommelding

Hjoed: Fryslân 500 oer de bommelding

04 Juny 1998

Yn Hjoed fan 4 juny 1998 is it nijs dat in bommelding it histoarysk kongres fan Fryslân 500 fersteurde. De melding kaam by de koster fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Alle 250 dielnimmers moasten derút. Tal fan Fryske organisaasjes, lykas de FNP, binne it net iens mei Fryslân 500, mar feroardielje dizze aksje fan it Frysk Nasjonaal Befrijingsfront wol. Tsjinstanners fan it feest wolle in stille tocht organisearje.

Hjoed: Fryslân 500 oer Frozenland

Hjoed: Fryslân 500 oer Frozenland

05 Juny 1998

Yn Hjoed fan 5 juny 1998 binne twa repo's oer Frozenland te sjen, it popfestival dat ûnder Fryslân 500 falt. Der binne 4.500 kaarten ferkocht en de jongerein komt út it hiele lân wei. Der binne fiif poadia. Ien fan de headliners is Run DMC. Troch de strange kontrôle op drank, drugs en wapenbesit duorret it lang foardat de besikers troch de poarten nei binnen meie. In soad misse de iepeningsact fan it Frysk Jeugd Orkest mei Reboelje. Ek De Heideroosjes, punk út Limburch, trede op. De twadde reportaazje giet oer ferkearsdrokte en tariedings.

NOVA: oer de start fan regionale telefyzje

NOVA: oer de start fan regionale telefyzje

03 Febrewaris 1994

Foar de start fan regionale telefyzje makke NOVA, it aktualiteiteprogramma fan de NOS, dêr in reportaazje oer. De ferslachjouwer, dy't him ôffreget oft der wol genôch nijs wêze sil yn Fryslân om alle dagen in programma te meitsjen, sjocht achter de skermen by de redaksjegearkomsten, en giet mei Gerard van der Veer op paad dy't in item makket oer Houtigehage dat gjin sporthal krijt. Fierder binne bylden te sjen fan de redaksje, de montaazje, it oefenjen fan de útstjoering en de rezjyromte. Friezen om utens Heinze Bakker en Pia Dijkstra fertelle beide hoe't se der tsjin oan sjogge.

Hjoed: alderearste útstjoering

Hjoed: alderearste útstjoering

04 Febrewaris 1994

Omrop Fryslân begûn yn 1994 mei regionale telefyzje. De allerearste útstjoering wie op 4 febrewaris, presintearre troch Dieuwke Kroese. Dêryn sit in reportaazje oer de komst fan it sâltfabryk Frima yn Harns dat wurk biede sil oan 60 minsken. By Winaam sit in soad sâlt yn de grûn dêr't boarre wurdt. Ek is in ferslach fan de nijbou fan it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean. Dêrfan is it heechste punt berikt. De fuotbalklup wol mei in publyksaksje in diel fan it jild ophelje by de fans. Op de beurs BOOT yn Ljouwert is te sjen dat de animo foar boaten en it wurk op de werven wer tanimt.

Hjoed: Loftmachtdagen 1998

Hjoed: Loftmachtdagen 1998

18 Juny 1998

Yn Hjoed in reportaazje oer de tariedings foar de iepen dagen fan de fleanbasis yn Ljouwert yn july 1998. Twa wiken yn it foar wurdt noch drok oefene en lizze de draaiboeken klear foar it ferfier fan al dy tûzenen besikers.

Hjoed: Iepen dei fleanbasis 1998

Hjoed: Iepen dei fleanbasis 1998

04 July 1998

De iepen dei fan de fleanbasis yn Ljouwert lûkt 150.000 besikers en dat soarget foar in soad drokte yn it ferkear. NS en busferfierder Veonn set ekstra materieel yn. De stunts fan it Britske team Red Arrows soarget foar spektakel. Dochs geane in soad minsken earder nei hûs foar de fuotbalwedstriid Nederlân-Argentinië, mar ek op skermen op de basis is dy wedstriid te folgjen.

Pages