Wurktiid TV: Meubelmakkerij Octo-Plus

Wurktiid TV: Meubelmakkerij Octo-Plus

03 Jannewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer meubelmakkerij Octo-Plus yn Tersoal. It bedriuw makket allerhanne meubels op maat foar partikulieren en bedriuwen.
Direkteur H. van Sterkenburg en wurknimmers P. van der Velde en J. de Jager fertelle oer har wurk dat hiel ôfwikseljend is. It bedriuw sil meikoarten nei Grou ferhúzje.

Wurktiid TV: Soarchferlof

Wurktiid TV: Soarchferlof

27 Desimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it opnimmen fan soarchferlof om bygelyks foar de bern of âlden te soargjen. A. Meijerman fan fakbûn CNV fertelt oer de mooglikheden. A. van der Meulen, wurket by Stertil yn Koatstertille en B. van der Meulen, wurket by Rykswettersteat, wurkje in dei minder. A. de Pree fan it emansipaasjeburo Fryslân docht ûndersyk en praat mei fakbûnen.

Wurktiid TV: Mannen wurkje dei minder om by de bern te wêzen

Wurktiid TV: Mannen wurkje dei minder om by de bern te wêzen

20 Desimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer dat mannen in dei minder wurkje of in dei thús wurkje om mear by de bern en de opfieding belutsen te wêzen.
B. van der Meulen wennet yn Drachten en wurket by Rykswettersteat yn Ljouwert. Hy telewurket ien dei thús sadat er mear by syn dochter wêze kin. A. van der Meulen wurket by Stertil en hat ien dei ynlevere om mear thús wêze te kinnen en de soarch mei syn frou earliker te dielen. A. de Pree fan it emansipaasjebedriuw hat ûndersyk dien en mannen ynterviewd dy't minder wurkje.

Wurktiid TV: Stienhouwerij

Wurktiid TV: Stienhouwerij

06 Desimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de Koninklijke Steenklip BV yn Snits. De stienhouwerij is it âldste bedriuw yn Nederlân. Se binne spesjalisearre yn de persoanlike oanpak fan tinkstiennen. Direkteur J. Reitsma, âld-direkteur J. Reitsma en kompanjon T. Seinen fertelle oer it wurk. Ek is te sjen hoe't wurknimmers de natuerstien snije en bewurkje.

Wurktiid TV: WSW

Wurktiid TV: WSW

29 Novimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de WSW, de wet op de sosjale wurkfoarsjenning, subsidiearre banen foar minsken mei in ôfstân nei de arbeidsmerk. Direkteur F. Kooiker fan De Woudengroep fertelt oer it nut fan de wurkpleats en wurknimmers T. Gevers en F. van Velzen fertelle oer it wurk dat se dogge yn de wurkpleats, se meitsje ortopedyske produkten.

Wurktiid TV: Rooth is Fryske ûndernimmer fan it jier

Wurktiid TV: Rooth is Fryske ûndernimmer fan it jier

15 Novimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer Rooth Multiservices út Snits. Se binne Fryske ûndernimmer fan it jier wurden. R. Rooth, direkteur, fertelt hoe't er begûn is en wurknimmers E. de Boer, glêzewasker en S. Dotinga, gevelskjinmakker, litte sjen hoe't se wurkje. It bedriuw is dwaande it kwaliteitskeurmerk te krijen en mei meidwaan oan de lanlike kompetysje fan ûndernimmer fan it jier.

Wurktiid TV: Le BonBon

Wurktiid TV: Le BonBon

08 Novimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer Le BonBon yn Gytsjerk dêr't se bonbons en oar guod fan sûkelade meitsje. Se binne ferneamd wurden mei de bearenburchbonbon en ha no krekt de Mata Haribonbon betocht en der lizze plannen foar in Aldehoubonbon. Boppedat fertelt R. Otto, direkteur-eigener, dat er oan it ûndersykjen is oft er saken dwaan kin mei Sina. Meiwurker G. Sandtman lit sjen hoe't bonbons makke wurde.

Wurktiid TV: Sâltfabryk Frima

Wurktiid TV: Sâltfabryk Frima

01 Novimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it sâltfabryk Frima dat yn Harns boud wurdt. Direkteur R. Barendregt en haad fan it laboratoarium S. Bosch fertelle hoe't se it sâlt dat op twa, trije kilometer djipte ûnder Fryslân en de Waadsee leit nei boppen helle wurdt en ferwurke wurdt.

Wurktiid TV: Blommekweker

Wurktiid TV: Blommekweker

11 Oktober 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer blommekweker Klaas-Jan Prakker. Earder hie er skiep, mar no sit er yn de blommen. Hy fertelt dat it arbeidsyntinsyf is, se rispje mei de hân. Hy krijt help fan de 14-jierrige T. Karbed. Karmaster fan de feiling, H. Harms, leit út wêr't in goede blom oan foldwaan moat.

Wurktiid TV: Kultuertoerisme yn Boalsert

Wurktiid TV: Kultuertoerisme yn Boalsert

04 Oktober 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de opkomst fan it kultuertoerisme. Yn Boalsert hat de Stichting Kultuertoerisme yn Fryslân it âlde weeshûs kocht en opknapt. R. Terpstra fan de stichting fertelt deroer. Eksploitant H. Wijbenga ferhiert it stedsloazjemint.

Wurktiid TV: Wettertoerisme

Wurktiid TV: Wettertoerisme

13 Septimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering sjogge we by boatsjeferhierders yn Heech. De gemeente hat toeristebelesting ynfierd en de ferhierders binne benaud dat de toeristen net langer yn de haven lizze wolle om't de kosten heger wurden binne. Ek ha se noed oer konkurrinsje fan East-Dútslân. J. Oost (Foekema Watersportbedrijf), W. Wempe (Loko-boargemaster Wymbritseradiel), Kees Alberts (Ottenhome Watersport), Kees Brandenhorst (De Horse) fertelle deroer.

Wurktiid TV: Gevels skjinmeitsje mei kaviaar

Wurktiid TV: Gevels skjinmeitsje mei kaviaar

23 Augustus 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer wenningrenovaasje, it skjinmeitsjen fan gevels, op De Jouwer. It docht bliken dat dat strielen hiel goed wol mei kaviaar, kalkboltsjes dy't ûntsteane by it suverjen fan wetter. M. Sappé (direkteur fan it skjinmakbedriuw), J. Terpstra (Pompstasjon Spannenburg) en J. Lammertsen (wenningbouferiening Haskerland) fertelle oer har wurk.

Pages