Hjoed: Hûneshow 1 april 2002

Hjoed: Hûneshow 1 april 2002

01 April 2002

De ynternasjonale hûneshow lûkt hieltyd minder hûnen. Dit jier diene der 2100 hûnen mei, yn 1999 wiene dat der noch 2600. In lanlike tendins dy't ek yn Fryslân te fernimmen is. Nettsjinsteande it legere tal hûnen kamen der tûzenen minsken ôf op dizze 35e hûneshow yn it FEC yn Ljouwert. Dit jier mei in Fryske primeur: it "Doggy Dancing".

Hjoed: Hûneshow 24 april 2000

Hjoed: Hûneshow 24 april 2000

24 April 2000

2350 hûnen hjoed op de 35e ynternasjonale hûnetentoanstelling yn it FEC yn Ljouwert. Foar de earste kear ek 24 dielnimmers út Ingelân. Dat is bysûnder want oant no ta koene je mei in hûn Ingelân hast net yn of út komme. It bist moast dan 6 moannen yn karantêne. Ek nij is dat de hûnen yndield binne neffens nije raskategoryen. Der wiene 9, dat is no oanpast oan it bûtenlân, dêr't se 10 haadrassen kenne.

Hjoed: Hûneshow 5 april 1999

Hjoed: Hûneshow 5 april 1999

05 April 1999

De hûneshow yn Ljouwert hat neat te lijen fan de negative publisiteit om agressive hûnen hinne de lêste tiid. It publyk wie op 'e nij manmachtich oanwêzich op de tradisjonele keuring yn it FEC. Wol kleie de fokkers oer it plan fan lânbouminister Apotheker foar in agressiviteitstest foar in tal hûnerassen. De fokkers fine it ûnridlik dat krekt in pear rassen derút pakt wurde.

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

13 April 1998

Topdrokte hjoed by de Peaskehûneshow yn it FEC. Ekstra kassa's wiene der nedich om de tûzenen besikers oan te kinnen. Nei in oere wiene der al 7.000 minsken om de 2650 hûnen te besjen. De 32e ynternasjonale tentoanstelling wurdt hâlden yn de trije nije hallen fan it FEC. Meinamme foar de demonstraasje fan de plysjehûnen wie in protte belangstelling.

Hjoed: Hûneshow 8 april 1996

Hjoed: Hûneshow 8 april 1996

09 April 1996

Minder taskôgers as ferline jier. Tusken de 8.000 en 10.000 minsken luts de ynternasjonale hûnetentoonstelling juster yn it FEC yn Ljouwert. 2850 hûnen waarden kard. En dat wiene der wol wat mear as ferline jier. Op de ynternasjonale tentoanstelling komme minsken ôf út hiel West-Europa. En dat betsjut dat de
Ljouwerter tentoanstelling ynternasjonaal hieltyd mear betsjutting krijt.

Hjoed: Aaipop 28 maart 2005

Hjoed: Aaipop 28 maart 2005

28 Maart 2005

Fan 'e middei is de 18e edysje útein setten fan it Aaipop-festival yn Nijlân. Aaipop is in festival mei útslútend Fryske bands dy't sjonge yn de Fryske taal. De opset is oars as oare jierren. Dat hat te krijen mei de ferbou fan multifunksjoneel sintrum De Mande dêr't Aaipop hâlden wurdt. Sa is de harksankjesseal ferdwûn. Mar der is wol in grutte tinte by kaam. Sa kin de organisaasje mear minsken kwyt, al wie it healwei de middei noch net sa drok. It festival is wol útferkocht.

Hjoed: Aaipop 24 april 2000

Hjoed: Aaipop 24 april 2000

24 April 2000

It 14de Aaipop-festival yn Nijlân hat hjoed mear as 2700 entûsjaste muzykleafhawwers lutsen. It wie útferkocht en der wie in smûke sfear, sa stelt de organisaasje. In grut oantal bekende nammen út de Frysktalige muzyk wie te hearren, lykas Sabeare en Om 'e Noard. Mar ek bands en artysten dy't foar it earst in optreden hiene op Aaipop, lykas Dochmarwatts.

Hjoed: Aaipop 5 april 1999

Hjoed: Aaipop 5 april 1999

05 April 1999

It Aaipop-festival yn Nijlân is hjoed wer útferkocht. Mei 2900 besikers. It grutste Frysktalige popfestival kaam om twa oere wat stadich op gong, letter kaam de sfear der goed yn. In impressy.

Hjoed: Aaipop 13 april 1998

Hjoed: Aaipop 13 april 1998

13 April 1998

Mear as 2500 minsken binne op dit stuit by Aaipop. En dat binne der sa'n 500 mear as oare jierren. Foar de 12e kear organisearret de stichting Aaipop op peaskemoandei in folslein Frysktalich popfestival yn Nijlân. Mei 18 bands en artysten. Nij talint mar ek bekenden. De Mande yn Nijlân is dizze dei in muzyksupermerk dêr't op fjouwer ferskillende poadia hast alle muzykgenre's brocht wurde dy't mar te betinken binne. Fan punk, funk rock en pop oant bigband en harksankjes fan fryske trûbadoers. It programma is fan 'e middei om twa oere begûn en duorret oant 10 oere jûn.

Hjoed 2 maart 2005: snie

Hjoed 2 maart 2005: snie

02 Maart 2005

Hjoed fan 2 maart 2005 om 18.00 oere gie folslein oer "Winter yn Fryslân". Dy dei foel der in ekstreem soad snie.

Hjoed 2 maart 2005 16.00 oere

Hjoed 2 maart 2005 16.00 oere

02 Maart 2005

Hiel Fryslân wie ûntregele doe't der op woansdei 2 maart 2005 in tsjok pak snie foel. Omrop Fryslân kaam om 16.00 oere mei in ekstra Hjoed.

Hjoed 2 maart 2005 13.00 oere

Hjoed 2 maart 2005 13.00 oere

02 Maart 2005

Hiel Fryslân wie ûntregele doe't der op woansdei 2 maart 2005 in tsjok pak snie foel. Omrop Fryslân kaam om 13.00 oere mei in ekstra Hjoed.

Pages