Hjoed: Aaipop 28 maart 2005
Fan 'e middei is de 18e edysje útein setten fan it Aaipop-festival yn Nijlân. Aaipop is in festival mei útslútend Fryske bands dy't sjonge yn de Fryske taal. De opset is oars as oare jierren. Dat hat te krijen mei de ferbou fan multifunksjoneel sintrum De Mande dêr't Aaipop hâlden wurdt. Sa is de harksankjesseal ferdwûn. Mar der is wol in grutte tinte by kaam. Sa kin de organisaasje mear minsken kwyt, al wie it healwei de middei noch net sa drok. It festival is wol útferkocht.