180710_SADWAANDE_SLIEPE_27_10_1999.mp4

Sadwaande: Sliepe

27 Oktober 1999

Dizze Sadwaande giet oer sliepen. We sjogge op it sliepsintrum yn MCL dêr't pasjinten mei sliepklachten, lykas apneu, ûndersocht wurde. Tal fan spesjalisten fertelle oer har fakgebiet en de relaasje mei sliepe, lykas de neurolooch, fysioterapeut en apteker. We prate ek mei minsken dy't yn ploegetsjinst wurkje, dus nachts wurkje moatte. Hoe fine se dat? It duo Prinses op learzens kin ek net sliepe.

180710_SADWAANDE_OER_GLES_13_10_1999.mp4

Sadwaande: Glês

13 Oktober 1999

Dizze Sadwaande giet oer glês. By Steinfort Glas yn Frjentsjer kinne se alles fan glês meitsje. En foar elk drankje is in oar glês, sa leare we op de hotelskoalle yn Ljouwert. En glês spilet in nije rol yn it transportearjen fan ynformaasje, glêsfezel ferfangt koper. We sjogge by de oanlis. It duo Floor en Marije makket glês troch sân te sieden.

SADWAANDE_061099_V2

Sadwaande: Merke

06 Oktober 1999

Dizze Sadwaande giet oer de wrâld fan de merke. We sjogge by de merke yn Grou en prate mei de minsken dy't dêr wurkje, by de sweef, Kop van Jut, botsauto's en oaljekoekekream. En we sjogge by it bedriuw Nauta/Bussink yn Heech dat reuzerêde bout foar de hiele wrâld. It nije duo Prinses op learzens, Floor en Marije, is ek op de merke.

180706_SADWAANDE_FERKEARSFEILIGENS_FRYSKE_DIKEN_16_06_1999.mp4

Sadwaande: Fryske Diken

16 Juny 1999

Dizze Sadwaande giet oer Fryske Diken. Yn dit programma prate we mei de projektlieder Fryske Diken, deputearre Bijman en in plysjeman oer de feilichheid op de Fryske diken. Op 80-kilometer diken wolle bestjoerders faak wat flugger ride, mar dat is net feilich. Ek komt skoalfytsende jeugd oan it wurd oer it ûngelok dat se meimakke ha.

180706_SADWAANDE_TUNEN_26_05_1999.mp4

Sadwaande: Tunen

26 Maaie 1999

Dizze Sadwaande giet oer tunen. Hieltyd mear minsken skeakelje de help yn fan in hofker of in túnarsjitekt by de oanlis fan har tún. We sjogge trije foarbylden. En we sjogge by de parken oanlein troch L.P. Roodbaard, bygelyks by Stania State yn Oentsjerk en de Ljouwerter Prinsetún. En we sjogge by it wurk fan de mannen dy't it iepenbier grien yn de gemeente Boarnsterhim ûnderhâlde.

180706_SADWAANDE_MEI_TEMA_STRJITTE_19_05_1999.mp4

Sadwaande: Strjitte

19 Maaie 1999

Dizze Sadwaande giet oer wenje yn in doarp of in stêd en wat is it ferskil? We sjogge by it wurk fan de húsmaster op in flat yn Ljouwert, hy helpt de meast âldere bewenners mei allerhanne putsjes.
We leare ek wat oer de skiednis fan it Kleinzand yn Snits, dêr't ek it Fries Scheepvaart Museum sit. En wat is de sjarme fan it wenjen oan de Rykswei yn Jirnsum? En we hearre fan buertplysjeman wat it ferskil is fan syn wurk op in doarp en yn de stêd.

180706_SADWAANDE_UT_NAMME_FAN_ORANJE_28_04_1999.mp4

Sadwaande: Oranje

28 April 1999

Dizze Sadwaande giet oer Oranje, de keninklike famylje. We sjogge op de souder fan frou Van der Heide yn Heech, dat fol stiet mei Oranjeguod. Yn Makkum is in echte Keninginneferiening dy't alle jierren in Oranjefeest organisearret. Oranjekenner Bearn Bilker fertelt oer de bân fan de Nassaus mei Fryslân en we sjogge op It Amelân dat fan de Oranjes wie. Binne dêr noch spoaren fan te finen? En we sjogge by Oranjewâld.

180706_SADWAANDE_OER_BUORKERIJ_21_04_1999.mp4

Sadwaande: Buorkerij

21 April 1999

Dizze Sadwaande giet oer de buorkerij. Hieltyd mear pleatsen krije in nije bestimming as it boerebedriuw derútgiet. We sjogge op Liauckamastate yn Seisbierrum dat in restaurant en hotel is no. Undersiker Jacob van der Vaart fertelt oer ferskate type pleatsen en we prate mei in bargeboer dy't der nei 20 jier mei ophâldt.

180706_SADWAANDE_OER_DE_KO_14_04_1999.mp4

Sadwaande: De ko

14 April 1999

Dizze Sadwaande giet oer de ko. We sjogge by in boerinne dy't sa gek mei kij is dat se in museum hat mei allerhanne saken fan de ko. Dierefreon Karin de Mik fertelt oer har leafde foar de ko. Fierder prate we mei in boer, slachter en winkelman dy't artikels mei koweprint ferkeapet om't dat in raazje is. En we leare hoe't je melke moatte, earst mar ris sitte op in echte tuolle.

180706_SADWAANDE_PERSFOTOGRAFIE_07_04_1999.mp4

Sadwaande: Fotografy

07 April 1999

Dizze Sadwaande giet oer fotografy. We sjogge by de fotoredaksje fan de Ljouwerter Krante, hoe kieze se in geskikte plaat foar op de foarside? Fotosjoernalist Frans Andringa fan it Frysk Deiblêd fertelt oer syn wurk. We sjogge ek by it byldargyf fan de krante en it argyf fan amateur-fotograaf Chris Visser. Hy lit in foto sjen út 1965 doe't der noch wetter troch it Vliet rûn. En we sjogge by in studio foar reklamefotografy, dêr't ljocht belangryk is. En wat komme de meiwurkers op de fotoservice by de Hema tsjin?

180706_SADWAANDE_OER_NIJBOU_31_03_1999_HEMPENS_SUDERBUREN.mp4

Sadwaande: Nijbou, de oanlis fan Zuiderburen

31 Maart 1999

Dizze Sadwaande giet oer nijbou. We sjogge by it nije plan Himpens-Tearns, dêr't oan de súdkant fan Ljouwert 1.750 nije wenten boud wurde sille. De wyk is letter bekend wurden as Zuiderburen. De wyk wurdt rom fan opset, mei grutte kavels, bosk en wetter. We prate mei in takomstich bewenner en útfierenden. Wethâlder Bearn Bilker leit út wat de fyzje is. Ek dupearren komme oan it wurd: twa boeren moatte lân ferkeapje foar de nijbou.

180706_SADWAANDE_OER_FUGELS_24_03_1999.mp4

Sadwaande: Fûgels

24 Maart 1999

Dizze Sadwaande giet oer fûgels. We sjogge by in parkiteman dy't al 40 jier parkiten hâldt en der ynternasjonaal sukses mei hat. Mei fûgelteller Romke Kleefstra binne we yn it lân om de guozzen te tellen en we prate mei neisoargers by Grou. De konservator fan it Fries Natuurmuseum fertelt allerhanne saken oer fûgels.

Pages