Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

OEROL_2000_REPO

Reportaazjes Oerol 2000

16 Juny 2000

Reportaazjes út it programma Hjoed oer it festival Oerol 2000 op Skylge. 16/6: Joop Mulder rydt oer it hiele eilân foar de lêste tariedings. 17/6: de grins fan it tal besikers fan Oerol is berikt.

Hjoed: Iepen dei fleanbasis 1994

Hjoed: Iepen dei fleanbasis 1994

04 July 1994

Yn 1994 kaam in rekôrtal fan 150.000 besikers op de iepen dei fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf. De demonstraasje fan in Frânsk team makke in soad yndruk troch kleurde read-wyt-blauwe reek te brûken yn har fleanshow. Ek wienen de nije frachtfleantugen Hercules te besjen en de Apache helikopters. Famylje koe fia satellyt belje mei útstjoerde militêren yn Bosnië.

Hjoed: tongblier, de útbraak

Hjoed: tongblier, de útbraak

11 April 2001

Yn dizze ekstra Hjoed it nijs dat op 11 april 2001 Fryslân te meitsjen krijt mei de útbraak fan tongblier. Op in pleats yn Ie komt de melding dat twa kij besmet rekke binne mei it firus. Feearts Egberink komt by de melkfeehâlder om syn kij te ûndersykjen. Al it fee, sa'n 100 kij, moat romme wurde. De plysje set it gebiet ôf. Yn in straal fan twa kilometer om de pleats hinne moatte alle bisten ek romme wurde. It giet om 37 bedriuwen mei tusken de 2.500 en 4.000 stiks fee.