Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0407: Fjoerwurk

Baas Boppe Baas 0407: Fjoerwurk

01 Jannewaris 2004

Beant en Bennie begjinne in hanneltsje yn fjoerwurk. Se nimme wol in risiko, want de plysje docht allegearre kontrôles.

LTV_FryslanDOK_Fierljeppers-yn-Korea-1_WR

Fierljeppers yn Korea (diel 1)

18 Desimber 2008

De fjirde Wrâldspelen foar net-olympyske sporten wiene yn de stêd Busan yn Súd-Korea. Neist kompetysjesporten binne der ek demonstraasjesporten, dy't letter mooglik in fêst ûnderdiel fan de spelen wurde kinne. Yn 2008 wiene der fierljepdemonstraasjes, bedoeld om mear omtinken foar de sport te generearjen yn oare plakken op de wrâld. Omrop Fryslân folge de Nederlânske delegaasje fierljeppers op harren missy.

Wurktiid TV: Bedriuwekontaktdagen

Wurktiid TV: Bedriuwekontaktdagen

26 Maart 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de Bedrijvencontactdagen. In hiel soad bedriuwen steane dêr mei har stand om sjen te litten wat se dogge en benammen om besteande en nije kontakten oan te heljen en te lizzen. By yngenieursburo Oranjewoud op It Hearrenfean sykje se minsken en twa oaren biede har tsjinsten oan. Bêste kollega is in fersoargjende fan Hofwijck yn Ljouwert.