Fierljeppers yn Korea (diel 1)
De fjirde Wrâldspelen foar net-olympyske sporten wiene yn de stêd Busan yn Súd-Korea. Neist kompetysjesporten binne der ek demonstraasjesporten, dy't letter mooglik in fêst ûnderdiel fan de spelen wurde kinne. Yn 2008 wiene der fierljepdemonstraasjes, bedoeld om mear omtinken foar de sport te generearjen yn oare plakken op de wrâld. Omrop Fryslân folge de Nederlânske delegaasje fierljeppers op harren missy. Foar de ljeppers wie in spesjale skâns oanlein yn de rivier Oncheon, mar by oankomst moatte se noch wol sels yn it spier om de wetterstân te ferheechjen en it sânbêd feiliger te meitsjen. It fierljeppen blykt wol gâns oan te slaan yn Súd-Korea.