Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_JONGE_FETERANEN_150804_WR

Jonge feteranen

15 Augustus 2004

Trije jonge Friezen waarden as militêr op missy stjoerd nei oarlochsgebieten. Yvonne van der Meulen siet yn 1996 yn Bosnië, Jeroen Binnema yn 1994 yn Rwanda en Ynse Schellens yn 1995 yn Bosnië. Se fertelle oer har wurk, wat se meimakken en seagen en de ynfloed dy't dy freeslike bylden hawwe op har libben nei de missy.

Baas Boppe Baas 0210: It lintsje

Baas Boppe Baas 0210: It lintsje

11 Novimber 2002

Dramasearje oer de famylje Baas mei Beant Baas, Joukje Baas, Sjoerd Baas, Talieta, Cynthia Baas, Afke Baas en Bennie. Ferskate klups út it doarp fan Beant hawwe in oanfraach yntsjinne foar in lintsje. Beant seit dat hy gjin lintsje ha wol, mar stikem liket it him wol wat. Sil hy it lintsje krije? 

Sybe Satellyt 0408

Sybe Satellyt 0408

19 April 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Yn dizze ôflevering praat Sybe mei pappegaaiefokker Anton van der Ploeg, mei Peter Schoen fan Museum Willem van Haren oer Sjouke Gabbes, dy't model stien hawwe soe foar Robinson Crusoë, en mei Nico van der Woude fan de wettersuvering yn Noardburgum.