Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wâldrock 2000

Wâldrock 2000

01 July 2000

It Wâldrockfestival yn Burgum luts sa'n 8.000 minsken. Wâldrock hoecht wat de organisaasje oanbelanget ek net in massaal festival te wurden. Dêrmei hopet de organisaasje ûngelokken sa as op it Roskildefestival yn Denemarken ek foar te kommen. Lykas alle jierren mei ek dit jier in Fryske band it festival iepenje. Dit jier is dat de groep Artvist út Drachten. In groep dy't rap-metal mei wat hard-core der troch hinne spilet. Bot ferneamd binne se noch net, mar it sjocht der goed foar harren út.

Frozenland: twa dagen muzykfestival yn Ljouwert

Frozenland: twa dagen muzykfestival yn Ljouwert

05 Juny 1998

Frozenland, ûnderdiel fan Fryslân 500, is in muzykfestival fan twa dagen by Ljouwert. Der komme minder besikers as ferwachte, mar de sfear is goed. Uteinlik binne 6.000 kaarten ferkocht. Der is in gat yn de begrutting fan 30.000 gûne. Der binne fiif poadia, ien fan de headliners is Run DMC, mar ek Fryske acts as Reboelje dogge mei en it lêste optreden fan Simmer is dêr.

Krystman yn de bus

Krystman yn de bus

21 Desimber 1995

In bytsje mear fleurichheid yn it bedriuw FRAM kin gjin kwea, tocht bussjauffeur Broer Smedes. In pear dagen foar krysttiid 1995 ried dizze man ferklaaid as krystman yn de bus tusken Ljouwert en Drachten.