Wâldrock 1996 (2)

01 July 1996

Wâldrock 1996 wie in grut sukses. Neffens de organisaasje gienen der sneon hast 10.000 minsken troch de poarten fan it festivalterrein by Burgum. De Fryske, Nederlânske mar ek in protte Dútske leafhawwers fan heavy metal kamen op it programma ôf dat de organisaasje fan de njoggende edysje fan Wâldrock gearstald hie. By de kassa waard strang kontrolearre op ferbean wapenbesit. Al gau gie it programma los. Wa't it skodholjen, headbangen en sjongen wat te folle waard koe op de kamping njonken it festivalterrein wat bekomme. Jûns wie it hichtepunt fan it festival mei topacts lykas Slayer. En de oare deis koe de festivalorganisaasje tefreden weromsjen op in slagge dei. It opromjen fan alle troep duorre noch de hiele snein.