Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Skriuwers yn byld diel 7: De Jong Fryske Mienskip

Skriuwers yn byld diel 7: De Jong Fryske Mienskip

21 April 1988

Neffens Douwe Kalma is literatuer it middel om de Fryske taal te behâlden. Dêrom bestie it libben fan dizze man út it skriuwen fan Fryske boeken, gedichten, tydskriften en it opsetten fan ferskate Fryske bewegingen. Sa ek de Jong Fryske Mienskip. Mear oer dizze beweging yn de sânde ôflevering fan 'Skriuwers yn byld'.

LTV_Hotze-Schuil-De-Grutste-Keatser_WR

Hotze Schuil. De grutste keatser

14 Maaie 2006

Portret fan de 'keatser fan de iuw' Hotze Schuil (1924-2005), de Harnzer dy't in hiel soad prizen wûn. Yn dizze dokumintêre komt er sels wiidweidich oan it wurd oer syn jeugd en fansels it keatsen. Keatsmaten fan earder fertelle oer him en publisist Ate de Jong en ek Schuil syn dochters komme oan it wurd. Der is in soad argyfbyld fan keatswedstriden lykas de PC en fan Harns.

LTV_FERSET_EN_FERRIED

KP fan Seisbierrum: ferset en ferried

01 Maaie 1994

Fjouwer manlju, leden fan de Knokploech fan Seisbierrum, binne yn 1944 deasketten troch de Dútsers foar har belutsenheid by it ferset, ûnder oare de oerfal op it gemeentehûs fan Sint-Anne dêr't se it befolkingsregister weinaam ha. Neibesteanden fertelle oer de geheime skûlplakken yn û.o. de pleats by Liauckamastate en hoe't de Dútsers de mannen oppakke koenen nei't se tipt wienen troch ferrieder Frans Michon. De fjouwer mannen wienen Lolle Rondaan, Folkert Bergsma, Gerrit Schuil en Gerben Derisé Oswald.