Friese Bries - New Wave yn it heitelân

06 Maaie 2007

Under ynfloed fan de muzykstreamingen new wave en punk makke in nije generaasje Fryske muzikanten yn de jierren '80 lanlik opgong. En mei in protte sukses. Al gau wie der in protte oandacht foar de eigensinnige lûden út Fryslân en waard Fryslân foar it earst op 'e kaart set. Mei muzikanten en minsken út de muzykyndustry sjogge we werom op de rûzige en fernijende perioade yn de Fryske popskiednis. Mei argyfbylden en ynterviews mei Eric Ennema (The Pin Baskets), Thijs Helfrich (Weekend at Waikiki), Ernst Langhout (The Visitor), Gilbert Terpstra (Kobus gaat naar Appelscha) en Willem Pen (Brimstone).