Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

DOMYN_FAATS

Myn Domyn: Pencak Silatsporters Gwen en Gianna Faats

12 Oktober 2005

Portret fan de twilling Gwen en Gianna Faats. Se binne 16 jier en wenje yn Stiens. Alles giet oan 'e kant foar har fjochtsport Pencak Silat. Se hawwe al meardere kearen Nederlânsk kampioen west yn de gewichtsklasse 60 en 65 kilogram. Har trainer is George Frederiksz, dy't de iennige sportskoalle foar Pencak Silat yn Fryslân hat. De heit komt ek te praat oer it fanatisme fan syn dochters. En fansels de twilling sels. We sjogge by de prizekast thús, op de training en by wedstriden.

LTV_TONGBLIER_070402_WR

Hwat jildt de tongblier

07 April 2002

In portret fan de boeren Prins út Ie en Swart út Moarre, in jier nei it romjen fan harren molkfeebedriuwen yn de tongblierkrisis fan 2001.

BOPPEDAT_030699_BURGUM_WR

Boppedat: Macky M. 1999

03 Juny 1999

Op 3 juny 1999 wie by De Pleats yn Burgum de premjêre fan it iepenloftspul Macky M.