Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Peer Gynt fan Tryater

Spegels: Peer Gynt fan Tryater

11 Juny 1999

It kultuerprogramma Spegels fan 11 juny 1999 stiet folslein yn it ramt fan it stik Peer Gynt dat Tryater op it Skylger festival Oerol spilet. We sjogge achter de skermen by de lêste tariedingen en repetysjes fan dit klassike toanielstik dat oarspronklik skreaun is troch de Noar Ibsen. Yn it stik giet Peer op syk nei himsels. Om't it in stik op lokaasje is, in hiel grutte sânflakte op Skylge, bringt de produksje nochal wat útdagingen mei, it is in soarte fan ekspedysje. Akteurs moatte einen troch sân en dunen klauterje, dat komt bot op de spieren oan.

Hjoed: Aaipop 24 april 2000

Hjoed: Aaipop 24 april 2000

24 April 2000

It 14de Aaipop-festival yn Nijlân hat hjoed mear as 2700 entûsjaste muzykleafhawwers lutsen. It wie útferkocht en der wie in smûke sfear, sa stelt de organisaasje. In grut oantal bekende nammen út de Frysktalige muzyk wie te hearren, lykas Sabeare en Om 'e Noard. Mar ek bands en artysten dy't foar it earst in optreden hiene op Aaipop, lykas Dochmarwatts.

KLAASBRUINSMA_MEI1998_HOMEROS2004

Oersettingen Mei en Homeros troch Klaas Bruinsma

02 Novimber 2018

Twa nijsreportaazjes oer Klaas Bruinsma (1931-2018). Yn 1998 kaam syn oersetting fan de Mei fan Herman Gorter út. En yn 2004 de Fryske oersetting fan de klassike boeken Odusseaia en Ilias fan Homeros.