Spegels: Peer Gynt fan Tryater

11 Juny 1999

It kultuerprogramma Spegels fan 11 juny 1999 stiet folslein yn it ramt fan it stik Peer Gynt dat Tryater op it Skylger festival Oerol spilet. We sjogge achter de skermen by de lêste tariedingen en repetysjes fan dit klassike toanielstik dat oarspronklik skreaun is troch de Noar Ibsen. Yn it stik giet Peer op syk nei himsels. Om't it in stik op lokaasje is, in hiel grutte sânflakte op Skylge, bringt de produksje nochal wat útdagingen mei, it is in soarte fan ekspedysje. Akteurs moatte einen troch sân en dunen klauterje, dat komt bot op de spieren oan. Under lieding fan regisseur Jos Thie wurdt it stik spile, we sjogge him oan it wurk, krekt as ûnder oare naaisters yn it kostúmatelier. It stik wurdt spile yn it Skylger dialekt Meslânzersk. Yn it programma binne sênes út de foarstelling te sjen en ynterviews mei de spilers lykas haadrolspiler Thijs Feenstra en Klaasje Postma dy't syn mem spilet. Ek Peter Tuinman docht mei en der sit muzyk en dûns yn de foarstelling. En sels in kamiel.