Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0109

ABD-sjoo 0109

04 Juny 2002

Yn de njoggende en lêste ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen Menno van Coehoornskoalle út Ljouwert en de Van Kleffensskoalle fan It Hearrenfean it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we allegear gebouwen: útkyktoer Belvédère by Oranjewâld, Hooglandgemaal by Starum, stedhûs yn Boalsert, Poptaslot yn Marsum en Crystalic yn Ljouwert. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

LTV_HAVEN_HARNS_1_FR

De haven, de stêd en de Harnzers (diel 1 )

06 Jannewaris 2002

Twalûk oer de haven fan Harns. Yn 1877 waard de Willemshaven oanlein en no binne der plannen foar de oanlis fan in nije yndustryhaven. Is dat miljoeneplan helber? Foar- en tsjinstanners komme oan it wurd en ek de brûkers fan de haven. De sitewaasje yn de besteande yndustryhaven mei bedriuwen, sâltfabryk Frima en in skipswerf is nuodlik. Mei de nije haven wol de stêd oansluting hâlde en it smyt wurk op. Argyffilmkes litte bylden fan de âlde haven sjen.

Tûkelteammen 0208

Tûkelteammen 0208

18 Novimber 2003

Yn dizze taalkwis giet it tusken team 1 mei skriuwer Joop Boomsma en Gerda Verstraten fan Heech, en team 2 mei skriuwer/sjoernalist Sietse de Vries en Ria Stellingwerf fan Himmelum.