Skriuwster Riek Landman praat oan tafel by Bouke Oldenhof oer har wurk, har ferline en har persoan. Yn 1995 wie se de bêst ferkeapjende auteur by de sutelaksje fan Fryske boeken, mar earder wie se aktrise by ferneamde toanielselskippen.
Henk Kroes, yn 1994 iismaster en direkteur fan It Fryske Gea, giet yn petear mei Klaas Jansma.
Dette Glashouwer fan teaterselskip Suver Nuver is te gast by Bouke Oldenhof.
Filmmakker en regisseur Steven de Jong sit, in pear wiken nei de premjêre fan syn earste film De Gouden Swipe, yn de studio by Bouke Oldenhof
Keunst- en arzjitektuerhistorikus Peter Karstkarel praat - yn it Snekers - mei Bouke Oldenhof oer syn alsidige wurksumheden.
Herfoarme predikant Corry Nicolai fertelt oan Klaas Jansma oer har belibbing fan it leauwen.
Grietine Molenbuur, oprjochter en artistyk lieder fan dûnsgroep Duende, skoot oan by Bouke Oldenhof.
Skriuwer en dichter Tjitte Piebenga is te gast by Bouke Oldenhof.
Skiedend twaddekeamerlid Joop van den Berg (PvdA) is de earste gast dêr't Klaas Jansma mei yn petear giet.
De markante keunstskilder Jopie Huisman fan Warkum sit by Klaas Jansma oan tafel.
'Mister Oerol' Joop Mulder, oprjochter fan it bekende festival op Skylge, giet it petear oan mei Bouke Oldenhof.
Kabaretier Teake van der Meer, ek wol Lytse Teake, is by Klaas Jansma te gast yn de studio.