Hjoed: Aaipop 12 april 2004

Hjoed: Aaipop 12 april 2004

12 April 2004

It is noch net dúdlik hoe't it takom jier komt mei it Aaipop-festival yn Nijlân. It muzykfestival mei allinnich mar Frysktalige acts moat takom jier romte ynleverje. Dat betsjut dat der yn elts gefal ien festivaltinte ferdwine moat. Mar mei minder minsken kin it festival net út, neffens de organisaasje.

Hjoed: Aaipop 1 april 2002

Hjoed: Aaipop 1 april 2002

01 April 2002

In folslein útferkocht Aaipop is fan 'e middei foar de 15e kear yn Nijlân úteinsetten. It tredde lustrum hie eins ferline jier wêze moatten, mar doe koe it fanwege de tongblier net trochgean. Benammen foar doarpshûs De Mande betsjutte dat grutte finansjele konsekwinsjes. De fraach wie hjoed dan ek oft it tal besikers it ferlerne jier 2001 wer goed meitsje koe.

Hjoed: Aaipop 31 maart 1997

Hjoed: Aaipop 31 maart 1997

31 Maart 1997

Foar de 11e kear wurdt hjoed it Fryske popfestival Aaipop hâlden. De lokaasje foar it festival is it multifunksjoneel sintrum De Mande yn Nijlân. Sa'n 2500 popleafhawwers kamen op de 16 Frysktalige bands ôf.

Hjoed: Aaipop 5 april 1994

Hjoed: Aaipop 5 april 1994

05 April 1994

Mear as twatûzen jongeren hawwe juster op Aaipop west. Dat binne wer in pear hûndert mear as ferline jier. De organisaasje fan dit grutte peaskepopfestival yn Nijlân neamt de achtste edysje in sukses.

Hjoed: Aaipop 17 april 1995

Hjoed: Aaipop 17 april 1995

18 April 1995

Popgroepen dy´t optreden hawwe by it jierlykse peaskepopfestival Aaipop yn Nijlân hawwe krityk op de organisaasje. De bands fine dat de stifting Aaipop te min jild op it kleed leit foar de optredens. Benammen Foppe Land fan de band Klinkhamer fynt dat de organisaasje te lege honoraria jout. De stifting Aaipop fynt de krityk net terjochte.

Hjoed: Aaipop 28 maart 2005

Hjoed: Aaipop 28 maart 2005

28 Maart 2005

Fan 'e middei is de 18e edysje útein setten fan it Aaipop-festival yn Nijlân. Aaipop is in festival mei útslútend Fryske bands dy't sjonge yn de Fryske taal. De opset is oars as oare jierren. Dat hat te krijen mei de ferbou fan multifunksjoneel sintrum De Mande dêr't Aaipop hâlden wurdt. Sa is de harksankjesseal ferdwûn. Mar der is wol in grutte tinte by kaam. Sa kin de organisaasje mear minsken kwyt, al wie it healwei de middei noch net sa drok. It festival is wol útferkocht.

Hjoed: Aaipop 5 april 1999

Hjoed: Aaipop 5 april 1999

05 April 1999

It Aaipop-festival yn Nijlân is hjoed wer útferkocht. Mei 2900 besikers. It grutste Frysktalige popfestival kaam om twa oere wat stadich op gong, letter kaam de sfear der goed yn. In impressy.

Hjoed: Aaipop 13 april 1998

Hjoed: Aaipop 13 april 1998

13 April 1998

Mear as 2500 minsken binne op dit stuit by Aaipop. En dat binne der sa'n 500 mear as oare jierren. Foar de 12e kear organisearret de stichting Aaipop op peaskemoandei in folslein Frysktalich popfestival yn Nijlân. Mei 18 bands en artysten. Nij talint mar ek bekenden. De Mande yn Nijlân is dizze dei in muzyksupermerk dêr't op fjouwer ferskillende poadia hast alle muzykgenre's brocht wurde dy't mar te betinken binne. Fan punk, funk rock en pop oant bigband en harksankjes fan fryske trûbadoers. It programma is fan 'e middei om twa oere begûn en duorret oant 10 oere jûn.