Wâldrock: Duvelse muzyk yn de greide (2)

Wâldrock: Duvelse muzyk yn de greide (2)

08 Juny 2003

Diel twa fan de dokumintêre oer Wâldrock. We sjogge foarút nei de edysje fan 2003, we sjogge achter de skermen mei de minsken fan de organisaasje en de opbou fan dizze edysje. Oan it wurd komt Paul Bosgra oer de oerstap nei metal yn 1992. En we sjogge werom op de 15de edysje fan 2002 mei de Fryske gothicmetalband Autumn en de Nederlânske band Within Temptation. We prate mei Nienke de Jong en Jens van der Valk fan Autumn en we mei Sharon den Adel en Robert Westerholt fan Within Temptation. Fierder sjogge we presintator Willem de Vries, Johan Koster fan it bestjoer.

Wâldrock: Duvelse muzyk yn de greide (1)

Wâldrock: Duvelse muzyk yn de greide (1)

01 Juny 2003

Dokumintêre oer Wâldrock. We sjogge foarút nei de edysje fan 2003, sjogge achter de skermen mei de minsken fan de organisaasje en de opbou fan dizze edysje. Oan it wurd komme Kees Koudstaal, organisator fan de earste oere, Paul Bosgra oer de earste edysje doe't populêre bands fan dat momint programmearre waarden, lykas de Nits, De Dijk, Kobus Gaat Naar Appelscha. Fierder fertelle Johan Koster en Margreet Triemstra oer har wurk. Lêstneamde is koördinator fan de frijwilligers en we prate mei fêste besiker Johannes Keekstra.

Wâldrock 1998

Wâldrock 1998

03 July 1998

In lange reportaazje oer de alfde edysje fan Wâldrock by Burgum. Der binne 8.000 besikers op ôfkaam. It is min waar, troch de rein is it terrein feroare yn in modderbad. Oan it festival wurkje 300 frijwilligers mei, by de bar, yngong of foar it poadium. De measten dogge it al in tal jierren en nimme der spesjaal frij foar. Se fine benammen de sfear moai. Optredende bands binne ûnder oare Soulfly en Dream Theater.

Wâldrock 1997

Wâldrock 1997

01 July 1997

In lange reportaazje yn Boppedat oer Wâldrock by Burgum. Op it poadium steane bands as The Gathering, Cradle of Filth, Biohazard, Rammstein en as ôfsluter Megadeth. Tûzenen besikers geane út har dak mei biersûpe, headbange en crowdsurfe.

Wâldrock 1994 (2)

Wâldrock 1994 (2)

11 July 1994

Wâldrock groeit sa stadichoan út ta it grutste popfestival fan Fryslân. 4.000 heavy-metalfans kamen sneon nei de Simmerdyk by Burgum, en dat wie 1.000 mear as ferline jier. Njoggen bands, benammen út it bûtenlân, ragden der op los. Mar Wâldrock is fral ek in moetingsplak, foar minsken dy't allegear deselde libbensstyl oanhingje: metal.

Wâldrock 2005

Wâldrock 2005

04 Juny 2005

De foarferkeap kaam mar min op gong, dochs hellet muzykfestival Wâldrock genôch besikers om út te kinnen. De organisaasje ferwachtet dat der oant jûn tolve oere sa'n 7.500 besikers nei Burgum komme. Op 'e 18e edysje fan Wâldrock spylje hardrock- en metalbands as Megadeth, Black Label Society en Icepick. Yn it programma sitte gjin grutte topacts lykas de wrâldferneamde band Rammstein. Dy binne foar Wâldrock net mear te beteljen. Mar de besikers binne goed te sprekken oer it programma. Se komme út it hiele lân nei Wâldrock. En soms ha je sels de dei fan je libben nei in optreden.

Wâldrock 2004

Wâldrock 2004

19 Juny 2004

De fjirtjinde edysje fan Wâldrock yn Burgum is fan start gien. De sfear siet der goed yn, ek al wie it sa út en troch wat reinich. De kaartferkeap falt úteinlik toch noch wol ta, yn totaal binne der noch sa'n 8.500 kaartsjes ferkocht. Der is plak foar sa'n 12.000 minsken, mar om't der dit jier gjin grutte act is, binne dat der wat minder wurden. Wylst Wâldrock iepene wurdt troch de Fryske band Mortuary I.O.D, stiet der foar de yngong noch in grutte rige. De kaartsjes binne ferkocht oan minsken út hiel Nederlân en fan alle leeftiden. Wâldrock is dit jier wat lytser fan opset.

Wâldrock 2003

Wâldrock 2003

21 Juny 2003

Wâldrock wurdt takom jier mooglik grutter. Dit jier binne der foar it earst 12.000 metalfans yn Burgum. Dat is eins it maksimum. Kwa ferkear jout it in soad drokte. Mar op it fjild soe noch wol romte wêze foar mear besikers, tinkt de organisaasje. Grutte topper dit jier is de band Iron Maiden. As de kassa iepengiet, streamt it fjild daliks al fol. Der is gjin kaart mear te besetten, it metalfestival Wâldrock is útferkocht. It is tradysje dat in Fryske band it festival iepenet. Dit jier is de eare oan Devoted to Hate fan Snits. Foar Wâldrockbegrippen is it dan al aardich drok foaroan.

Wâldrock 2002

Wâldrock 2002

24 Juny 2002

Goed 7.500 taskôgers, 15 bands, foar it earst in twadde poadium en twa brutsen skonken. Dat binne de yngrediïnten fan in rêstich ferrûn Wâldrock 2002. Opfallend dit jier de opkomst fan de Gothic-Metal. Mei as grutte publykslûker fansels Within Temptation. Mar ek it Fryske Autumn makke sneon yn Burgum grutte yndruk. Klokslach 12 oere wurde sneon de stekken iepensetten. De 15de edysje fan Wâldrock is in feit. It festival wurdt tradisjoneel iepene troch in Fryske band. Dit jier Room nr. 13. Mear as 300 frijwilligers binne nedich om Wâldrock ta in sukses te meitsjen.

Wâldrock 2001

Wâldrock 2001

30 Juny 2001

De grûn sil sneon wer trilje yn Burgum en omkriten. Want it grutste Fryske metalfestival Wâldrock barst dan wer los. Mei ien grut ferskil, der mei dit jier foar it earst net crowdsurfd wurde. In grut gemis foar de echte metal-leafhawwer. Wy wiene by de lêste tariedings. Foar de 14de kear set sneon Wâldrock útein. Fryslâns grutste muzykfestival hat troch de jierren in namme opboud as in festival foar de hurde muzyk. Stiene der yn de begjinjierren noch bands as De Nits en Claw Boys Claw, letter waarden dat groepen as Sepultura, Slayer en Biohazard.

Wâldrock 2000

Wâldrock 2000

01 July 2000

It Wâldrockfestival yn Burgum luts sa'n 8.000 minsken. Wâldrock hoecht wat de organisaasje oanbelanget ek net in massaal festival te wurden. Dêrmei hopet de organisaasje ûngelokken sa as op it Roskildefestival yn Denemarken ek foar te kommen. Lykas alle jierren mei ek dit jier in Fryske band it festival iepenje. Dit jier is dat de groep Artvist út Drachten. In groep dy't rap-metal mei wat hard-core der troch hinne spilet. Bot ferneamd binne se noch net, mar it sjocht der goed foar harren út.

Wâldrock 1999

Wâldrock 1999

03 July 1999

In protte leven wer hjoed yn Burgum. It Wâldrockfestival gong dêr fan 'e middei los. Sa'n 5.000 hardcore en heavymetalfans kamen op it festival ôf. Sa'n 2.500 minsken minder as ferline jier. Under de besikers wol in spesjalen ien trouwens. Aad Bos fan de arbeidsynspeksje. Hy kontrolearret it festival op feilichheid, arbeidsoeren en fansels op desibels. Yn de streamende rein komme de minsken binnen. Net leuk fansels, mar de muzyk makket in hoop goed. Want dêr giet it harren om. En ek Bos. Hy rint al in pear dagen op it festivalterrein.

Pages