Wyn op Woansdei: Sweden

Wyn op Woansdei: Sweden

19 Oktober 2005

Programmamakker Douwe Boersma folget de emigraasje fan de famylje Golverdingen fan Wâlterswâld nei Fastnäs yn Sweden. Dêr sille se in camping begjinne. Wilbert en Brenda Golverdingen wurkje by it famyljebedriuw, de rydskoalle. Mei har trije jonge bern litte se alles achter. We folgje se yn har deistich libben, by de Sweedske les, prate mei famyljeleden oer de emigraasje en binne by it ôfskied. Yn Sweden sjogge we by de opbou fan de camping op it eardere fuotbalfjild.

Wyn op Woansdei: Treast yn Namibië

Wyn op Woansdei: Treast yn Namibië

17 Novimber 2004

Programmamakker Annet Huisman is by de foarstelling fan 4de-jiers dramastudinten fan ROC Friese Poort. 'Treast yn Namibië' is de namme fan har wurkprojekt yn Afrika. Twa wiken wiene de Fryske studinten yn Gobabis om les te jaan oan bern yn de township yn de stêd yn de Kalahari-woastyn. De bern in moaie tiid besoargje, dat is it doel. Slagget it harren om kontakt te meitsjen en les te jaan?

Wyn op Woansdei: Waadferiening

Wyn op Woansdei: Waadferiening

10 Novimber 2004

Programmamakker Albert Jensma fernuveret him oer de Waadferiening. Twa wiken lyn hold de 'landelijke vereniging tot behoud van de Waddenzee' in fakkelaksje om oandacht te freegjen foar de problemen fan it Waad. Fan de 100 fisken dy't der 25 jier lyn noch swommen, binne der noch 2 oer. It kabinet wol ek noch it gas ûnder it Waad weihelje, mar de Waadferiening is dêr net unanym tsjin. Ut ferskillende hoeken is der krityk op de feriening.

Wyn op Woansdei: Digitaal traapfjild

Wyn op Woansdei: Digitaal traapfjild

07 April 2004

Programmamakker Annet Huisman is wer yn de Frijheidswijk yn Ljouwert, dy't de namme fan in probleemwyk hat. Ferline jier soarge in sjitpartij by it winkelsintrum foar in protte ûnrêst. Der is no goed nijs: it digitale traapfjild. Dit inisjatyf waard bekroand ta 'bêste traapfjild fan Nederlân'. Minister Sybilla Dekker besocht it gebou mei de 25 kompjûters en seach oer it skouder fan de allochtoane bern dy't dêr chatte, spultsjes dogge of húswurk meitsje. Bern en folwoeksenen krije kursus en leare om te gean mei de kompjûter en ynternet.

Wyn op Woansdei: Megapark

Wyn op Woansdei: Megapark

31 Maart 2004

Programmamakker Gerard van der Veer ûndersiket hoe't it Megapark, foar grutte ynternasjonale bedriuwen, by It Hearrenfean mislearre is. Yn it 10-jierrich bestean fan dit yndustryterrein hat allinne it kompjûterassemblaazjebedriuw SCI him hjir fêstige, mar dat bedriuw is ek al ticht. Hy reizget troch it gebiet fan 80 bunder dêr't it no liket te spûkjen en praat mei de minsken dy't yn 1993 mei de plannen fan it Megapark konfrontearre waarden.

Wyn op Woansdei: Netwurkmarketing

Wyn op Woansdei: Netwurkmarketing

24 Maart 2004

Programmamakker Albert Jensma sjocht yn de kranten hieltyd faker advertinsjes as: wurkleasheid bestiet net, ast echt wurkje wolst, kinst hjoed noch wol oan 'e slach. Yn de helte fan de gefallen sit der in distributeur fan Herbalife of Forever Living Produkten achter. Minsken dy't oaren sykje produkten te ferkeapjen fia Netwurkmarketing. Hy siket út hoe't dat wurket en praat mei minsken dy't op dizze wize produkten ferkeapje.

Wyn op Woansdei: Kreakstêd Ljouwert

Wyn op Woansdei: Kreakstêd Ljouwert

17 Maart 2004

Programmamakker Annet Huisman dûkt yn de wrâld fan de kreakers yn Ljouwert. Yn noch gjin jier tiid binne 15 pannen kreake. De measte gebouwen binne ek al wer ûntromme. Op dit stuit wurde noch sa'n 5 lokaasjes bewenne. Wa binne de kreakers en wêr steane sy foar? Annet Huisman sjocht by 'Steinoort' oan it Suderplein en 'De School', it eardere Centrum voor Vakopleiding oan de Ampèrestrjitte.

Wyn op Woansdei: Hepie en Hepie

Wyn op Woansdei: Hepie en Hepie

25 Febrewaris 2004

Programmamakker Gerard van der Veer folget it yllústere duo Hepie en Hepie, dat 20 jier nei "Ik lig op mijn kussen stil te dromen" en oare grutte suksessen dit jier in comeback hopet te meitsjen. De twa Hepies út De Westereen en Twizelerheide trede sûnt koart wer op en binne ek de studio yndûkt. Hoe dreech is it om op 'e nij ta te slaan? Hepie en Hepie meie optrede yn de Heineken Music Hall yn Amsterdam foar 10.000 man. De druk wurdt hieltyd grutter as bliken docht dat it dreech is in nije hit te skriuwen.

Wyn op Woansdei: Ljocht

Wyn op Woansdei: Ljocht

20 Maart 2018

Programmamakker Albert Jensma sjocht dat hieltyd mear keunstljocht brûkt wurdt. De ôfrûne 25 jier is it gebrûk mei mear as 6 persint yn it jier tanommen en dêrtroch ferdwynt it tsjuster fan de nacht. Hy giet op syk nei de gefolgen fan dit ljochtbombardemint en praat mei Rebekka Wassenaar fan Froubuorren, dy't har winterdepresje ferdriuwt mei keunstljocht en mei psychiater Hendrik den Daas oer hoe't soks wurket. Op it bedriuw fan Sjon en Lenie Egbert yn Berltsum wurkje se mei keunstljocht om blommen te kweken. De útwreiding sil gefolgen ha foar de nacht yn dizze regio.

Wyn op Woansdei: Nije wurkleazen

Wyn op Woansdei: Nije wurkleazen

22 Oktober 2003

Programmamakker Gerard van der Veer dûkt yn de wurkleasheid. It leger wurkleazen is it ôfrûne jier yn rap tempo tanommen en it iene nei it oare Fryske bedriuw giet fallyt. Yn Den Haag wurdt keazen foar de hurde oanpak. Wurkleazen moatte safolle mooglik prikkele wurde om wer oan de slach te gean. Gerard van der Veer folget twa manlju dy't troch it fallissemint by skipswerf Bijlsma yn Warten wurkleas rekken. Fokke de Jong en Appie Zwerver hawwe harren libbenlang dêr wurke, mar moatte no leare hoe't sy wer oan de bak komme moatte.

Wyn op Woansdei: Friesch Dagblad

Wyn op Woansdei: Friesch Dagblad

15 Oktober 2003

Programmamakker Evert van den Berg sjocht by it Friesch Dagblad, de krante bestiet 100 jier. Hy wol witte wa't de 20.000 leden-lêzers binne, hoe't de takomst fan it FD der útsjocht en hokker minsken dy krante meitsje. It is bekend dat de lêzers fan it FD gemiddeld net sa jong mear binne en dat de mearderheid kristlik is. Hy wie op besite by in FD-lêzersjûn yn Oerterp, op 'e redaksje, by de printers en ek by kollega's fan 'dy oare krante'.

Wyn op Woansdei: Saailân

Wyn op Woansdei: Saailân

08 Oktober 2003

Programmamakker Albert Jensma bûcht him oer it Saailân. Al oardel jier hâldt in legaat fan 18 miljoen euro Ljouwert yn 'e tange. Moat de stêd de winsk fan de twa jier lyn ferstoarne arsjitekt Abe Bonnema honorearje en foar dat jild op it Saailân in nij Fries Museum bouwe? It museum oan de Twibaksmerk, dêr't it sûnt 1881 sit, giet dan ticht, en it Saailân sil nea wer itselde Saailân wêze, want it plein wurdt dan de helte lytser. It museum en it stedsbestjoer koerse foarearst oan op nijbou op it Saailân. Mar dogge se dêr wol goed oan?

Pages