Wyn op Woansdei: Saailân

08 Oktober 2003

Programmamakker Albert Jensma bûcht him oer it Saailân. Al oardel jier hâldt in legaat fan 18 miljoen euro Ljouwert yn 'e tange. Moat de stêd de winsk fan de twa jier lyn ferstoarne arsjitekt Abe Bonnema honorearje en foar dat jild op it Saailân in nij Fries Museum bouwe? It museum oan de Twibaksmerk, dêr't it sûnt 1881 sit, giet dan ticht, en it Saailân sil nea wer itselde Saailân wêze, want it plein wurdt dan de helte lytser. It museum en it stedsbestjoer koerse foarearst oan op nijbou op it Saailân. Mar dogge se dêr wol goed oan? Hy praat deroer mei Cees van 't Veen (direkteur Fries Museum), Ap Timmermans (Hûs en Hiem), Hendrik ten Hoeve (kenner fan Ljouwert), Huub Mous (keunstkonsulint) en Sjoekie de Bijll Nachenius (arsjitekteburo Hubert-Jan Henket).