Wyn op woansdei: Scouting

Wyn op woansdei: Scouting

13 Novimber 2002

Annet Huisman dûkt yn de wrâld dy't scouting hjit. Scouting (foarhinne de paadfinerij) is in wrâld fol koades, tradysjes en noarmen. Tink mar ris oan de unifoarmen, it iepenjen mei de flagge en de belofte dy't scouts ôflizze moatte. Noarmen en wearden stean op 't heden folop yn de aktualiteit. Dat smyt de folgjende fraach op: is scouting HOT?

Wyn op Woansdei: Lichtpunt

Wyn op Woansdei: Lichtpunt

01 Desimber 2004

Programmamakker Gerard van der Veer sjocht by it 'Lichtpunt' yn Kollumersweach. Dêr wurdt jierliks in heal miljoen euro fertsjinne mei de hannel yn twaddehânsguod. Al dat jild wurdt stutsen yn de eigen krisisopfang foar lju dy't ferslave binne, dakleazen en oare minsken dy't it spoar bjuster binne. Dêrnjonken organisearret it Lichtpunt ek gesellichheidsjûnen foar minsken allinne. Gerard van der Veer folget en praat in pear wiken mei de bewenners, it personiel en de frijwilligers fan it Lichtpunt.

Wyn op Woansdei: NLP

Wyn op Woansdei: NLP

24 Novimber 2004

Programmamakker Evert van den Berg socht syn âld-learling Anja Doorn-Scheper út Wolvegea op. It giet har foar de wyn: se is direkteur fan skildersbedriuw FROM (25 wurknimmers), hat in aardige man en trije lytse bern en se hat krekt bûten Wolvegea in grut nij hûs sette litten. Mar der is in probleem: Anja kin net oer krityk. Se hat der sa bot lêst fan, dat se help socht hat. Dy hat se fûn yn NLP (Neuro Linguïstysk Programmearjen). Se folget kursussen, docht oefeningen en krijt help fan 'personal coaches'.

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

29 Oktober 2003

Programmamakker Annet Huisman freget har ôf hoe't de minsken fan de Frijheidswyk sels har buert belibje. De Ljouwerter wyk is de lêste tiid tige negatyf yn it nijs. In sjitpartij by it winkelsintrum, in stekpartij yn supermerk mei in skroevedraaier. De eigener fan dizze winkel slút letter de saak. Se praat mei in hiel soad bewenners. De wyk is 'stedsfernijingsgebiet': yn de kommende jierren wurdt de buert flink fernijd of renovearre. Sokke prosessen geane altyd traach en it gefaar driget dat yn dy tuskentiid de problemen earder grutter as lytser wurde.

Wyn op Woansdei: Kattekiller

Wyn op Woansdei: Kattekiller

01 Oktober 2003

Programmamakker Annet Huisman ûndersiket de dea fan ferskate katten yn Koatstertille en Bûtenpost. Dêr binne katten besketten, fergiftige en mishannele. Karin Solle fan Koatstertille en Hettie Combs fan Bûtenpost fertelle wat se meimakke ha mei har katten. De kat fan Karin is mei in luchtbuks besketten. Yn Bûtenpost binne sân katten dea en fiif fermist. Beide froulju dogge ûndersyk. Ek oare dupearren út Koatstertille komme oan it wurd. Ek Harry Tees fan de plysje komt oan it wurd.

Wyn op woansdei: Garyp

Wyn op woansdei: Garyp

02 April 2003

Programmamakker Annet Huisman is yn Garyp. Yn âldjiersnacht rûn it yn ferskate doarpen - Garyp, Aldwâld en Nijhoarne - út 'e hân: brannen en brantsjes en ferset tsjin plysje en brânwacht. De plysje pakte in protte jonges op en hâlde se dagen fêst. It optreden fan de plysje wurdt troch de âlden bekritisearre yn ynstjoerde brieven yn de kranten. Parse-offisier fan justysje Oebele Brouwer reagearret yn de media mei it stânpunt dat der wat mis is mei it noarmbesef fan de jongerein op it plattelân.

Wyn op woansdei: Twaddehânsguod

Wyn op woansdei: Twaddehânsguod

20 Novimber 2002

Programmamakker Albert Jensma dûkt yn de wrâld fan twaddehânsguod. Rotsoai of net, foar in soad oaren is de hannel yn twaddehânsguod in brok aventoer. Hy praat mei hannelers op de merk en sjocht by Het Lichtpunt yn Kollumersweach, dat is ien fan dy "doorvoerhavens" fan twaddehânsguod. Se riede har ta op de ferkeapdei dêr't hannelers har slach slane. Der is fan alles, meubels, servys, boartersguod en klean. Ek praat er mei Machiel Dykstra fan it feilinghûs. Dy besjocht de ynboel fan in wenning.

Wyn op woansdei: Feminisme

Wyn op woansdei: Feminisme

30 Oktober 2002

Programmamakker Gerard van der Veer is benijd hoe't it mei it feminisme stiet. Is de emansipaasjebeweging noch sa fitaal as eartiids of is se op stjerren nei dea? Hy giet by trije feministes fan trije ferskillende generaasjes lâns om in antwurd op dizze fraach te krijen. Neffens de 56-jierrige Henriëtte Bolléé, se stie earder op de barrikaden, stelt it feminisme net folle mear foar en moat de jongere generaasje froulju folle mear fan har hearre litte.

Wyn op woansdei: Aids yn Súd-Afrika

Wyn op woansdei: Aids yn Súd-Afrika

23 Oktober 2002

Programmamakker Evert van den Berg reizge nei Súd-Afrika foar in reportaazje oer de opfang fan bern mei Aids. Twa Friezen, Aukje en Toby Brouwer, sette harren yn foar bern mei Aids yn it bernesikehûs yn Kaapstad. Se krije jild fan 'e sinneblom-aksje fan 'e Ljouwerter Krante.

Wyn op woansdei: Iel

Wyn op woansdei: Iel

16 Oktober 2002

Programmamakker Albert Jensma dûkt yn de wrâld fan de iel. Yn 'Hoera, de iel rint', docht er in speurtocht nei dat mysterieuze langwerpige lekkers, dat sûnt ferline jier op de reade list fan bedrige diersoarten stiet. De fraach is oft de leafhawwers fan rikke iel harren soargen meitsje moatte. Oan it Fryske kampioenskip ielrikjen diene dit jier mar leafst 79 hobby-rikkers mei en guon fan harren koene allinnich mar oan kweekiel komme. In reis by in stikmannich ielkenners del stimt Albert Jensma hoopfol foar de takomst.

Wyn op woansdei: Vegelinbuert

Wyn op woansdei: Vegelinbuert

02 Oktober 2002

Programmamakker Annet Huisman giet op ekspedysje yn de Vegelinbuert. Dizze âlde stedswyk fan Ljouwert sil al jierren plat, mar it avesearret mar net. In protte bewennersleed is it gefolch. Krotterige hûzen, kreakers, drugs en rotten meitsje dat eltsenien skjin syn nocht hat. It bewennersplatfoarm pakt de gemeente oan, Annet giet achter de húskemelkers oan, mar dy jouwe net thús. Se praat mei tal fan bewenners en folget in aksjedei fan de bewenners dêr't politisy in rûnlieding troch de wyk krije.

Wyn op woansdei: Uterlik

Wyn op woansdei: Uterlik

25 Septimber 2002

Programmamakker Gerard van der Veer wol witte wêrom't guon minsken opfalle wolle as it om har uterlik giet. Wat giet yn har om? Hy praat mei bodybuilder René. Hy traint foar it WK, yt 14 makrelen yn de wike en yt foar 250 euro yn de wike oan sûn iten. Maaike is sljocht op klean, se hat der sels in aparte keamer foar. Har styl is Gothic, en har hier is pears. Philip is tattoo-earder. Syn eigen lichem sit ek hielendal fol. Mei Theo Bouman, klinysk psycholooch, praat Gerard deroer oft soks no genetysk bepaald wêze kin.

Pages