Wyn op woansdei: Moslims

Wyn op woansdei: Moslims

11 Septimber 2002

Programmamakker Albert Jensma freget him ôf hoe't it mei de moslims yn Fryslân giet nei de oanslaggen, in jier earder, fan 11 septimber op de Twin Towers yn Amearika en de opkomst fan de LPF by de lêste ferkiezingen. It begryp foar allochtoanen is dêrnei omslein yn wantrouwen. Hy wol witte oft moslims har mear diskriminearre fiele en banger wurden binne. Hy praat mei sakefrou Sultan Kus. Se kaam as famke fan fiif út Turkije nei Nederlân. Se wennet mei har húshâlding yn Snits en hat ferskate bedriuwen wêrûnder in restaurant. En hy praat mei mbo-studinte Masite Ersoy fan It Hearrenfean.

Wyn op Woansdei: Rap en Diss

Wyn op Woansdei: Rap en Diss

08 Desimber 2004

De 'diss' is al jierren in begryp yn de hiphop- en rapkultuer. Grof taalgebrûk en ôfgryslike ferwinskingen skokken betiden de publyke opiny. Wyn op Woansdei dûkt yn de Fryske hiphopwrâld. De 'battle', dêr't rappers mei hurde teksten elkoars krêften yn mjitte, is al sa âld as de hiphop sels en ûntstie yn de jierren '70 yn New York.

Pages