LTV_Portret_Tjibbe_Hooghiemstra

'Ierske notysjes': Tjibbe Hooghiemstra yn Ierlân

27 Juny 2022

Portret fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra yn Ierlân. Hy komt der al jierren en we sjogge him no by syn ferbliuw yn Annaghmakerrig, wat er syn 'trainingskamp' neamt. De natuer, it lân en de kultuer ynspirearje him. Hy fertelt oer syn wurk en wat Ierlân foar him betsjut. Hy jout der ek les oan de keunstakademy en hat ek lesjûn oan IRA-terroristen yn de finzenis. In galeryhâlder is entûsjast oer it wurk.

LTV_WR_Stedsherstel

'It stiet as in hûs' oer Stadsherstel

27 Juny 2022

Nei de Twadde Wrâldoarloch wie der in grut ferlet fan wenningen. Nije wiken waarden boud en tagelyk fertutearze de binnenstêd. Frijwilligers fan Stadsherstel knappe âlde pannen op en ferbouwe se. We sjogge foarbylden fan it wurk yn Ljouwert (ferbouwing kultureel sintrum Blauwe Stoep ta wenningen), Harns (Zoutsloot) en Hylpen (haven). Entûsjaste frijwilligers fertelle oer de projekten en wat der allegear by komt te sjen. Der wurdt soms ek kleure-ûndersyk dien om gebouwen yn de oarspronklike steat werom te bringen.

LTV_Generaasjes_1_Sjoerd_en_Paul_vd_Werf

Generaasjes 1: Sjoerd en Paul van der Werf

27 Juny 2022

Heit Sjoerd en soan Paul van der Werf fertelle beide oer har wurk, oerienkomsten en ferskillen. Sjoerd van der Werf is romtefeartsjoernalist, wurke by it Friesch Dagblad en skreau meardere boeken oer romtefeart. Paul is astronoom, as stjerrekundige hâldt er him dwaande mei molkweistelsels. Beide binne ek muzikaal.

LTV_Portret_drafbaan_Wolvegea

Drafbaan Wolvegea

08 Jannewaris 2006

De drafbaan yn Wolvegea stiet faai, troch jildtekoart, fergrizing en bestjoerlike problemen. Hoe lang kinne der noch wedstriden en koersen hâlden wurde? It nije bestjoer hat in plan betocht dat de rêding wurde moat. We sjogge by de koersen, de tariedingen, de minsken dy't op de hynders wedzje en by de trainingen fan de hynders.

LTV_VMBO--op-it-wetter-5jierletter_doku_WR

VMBO'ers op it wetter - fiif jier letter

16 Oktober 2005

Fiif jier lyn folgen we fjouwer learlingen fan de Maritieme Academie yn Harns, dêr't se de oplieding folgen foar matroas yn de binnenfeart en ek yntern wennen. No fiif jier letter sykje we se wer op. Hoe is it har fergien? Wurkje se yn de sektor of dogge se wat oars? En wat is yn de tuskentiid bard? Portret fan Jard Jissink (19), Ynse Leenstra (17), Marjoke van Es (19) en Mike Herder (17).

LTV_40jier-tryater_v3_doku_WR

40 jier Tryater

11 Septimber 2005

Fjouwer artistike lieders sjogge werom op 40 jier Tryater: Thom van der Goot (1980-1985), Guido Wevers (1985-1990), Peter te Nuyl (1990-1993) en Jos Thie (1994-2003). Se fertelle oer de krêft fan it selskip, de kar fan it repertoire, de kar tusken tradysje en fernijing en wat se as hichtepunten beskôgje. Mei argyfbylden fan stikken as Abe (1995), De feint fan twa masters (1986), It Kersehôf (1993), Boeren stjerre (1987), De ûndergong fan Fryslân (1991), Pak 'm Stanzi (1999), Achter de Tobbe (1988), Kening Lear (2003).

LTV_500jier-Bildtse-taal_doku_WR

'Rechte linen': 500 jier Biltsk

27 Novimber 2005

It Bilt is 500 jier lyn ûntstien troch ynpoldering, dat waard benammen dien troch Hollanners en sa is de mingtaal tusken Frysk en Nederlânsk ûntstien. Biltkers binne grutsk op har eigen taal, mar der binne ek bedrigingen. We sjogge by in literêre middei yn de byb, by it meitsjen fan de wyklikse krante De Bildtse Post, by in kursus Biltsk en hearre oer de skiednis. Muzikant en skriuwer Hein Jaap Hilarides fertelt wat de taal foar him betsjut.

LTV_Pieter-Weening-syn-tour-NL_doku_WR

Pieter syn Tour

29 Septimber 2005

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wint in etappe yn de Tour de France. Mei him, âld-dielnimmers, kommentatoaren, freonen, fans en famylje en syn ploech sjogge we werom op dy bysûndere rit. In bus fol Harkiten reizget nei Frankryk om him oan te moedigjen, freonen reizgje by de etappes del mei de Fryske flagge. We sjogge de omballingen lykas de parse.

LTV_Huis-voor-Jongeren_doku_WR

Huis voor jongeren

23 Oktober 2005

Yn Ljouwert is it Huis voor Jongeren yn 2013 begûn. We folgje trije bewenners: Gerardus, Daniël en Dominiek. Troch gedrachsproblemen koenen se net mear thús wenje. Mei help en begelieding leare se foar harsels te soargjen. Yn 2005 sjogge we wer hoe't it mei se giet, ha se leard om foar harsels te soargjen?

LTV_Jou-Le-Roy-de-tiid_doku_WR

Jou Le Roy de Tiid

18 Desimber 2005

Portret fan keunstner-filosoof Louis le Roy (berne yn 1924 yn Amsterdam) dy't as tekenlearaar op It Hearrenfean wurke. Syn revolúsjonêre ideeën oer grienfoarsjenningen yn de stêd soarge yn de 60-er jierren foar de bynamme 'de doarpsgek fan Mildaam'. Syn motto is: de minske is de natuer. Syn park opboud mei pún en stiennen oan de Kennedyleane op It Hearrenfean wurdt opknapt. Syn fyzje is dat kultuer en natuer gearwurkje, te sjen yn syn Ekokatedraal yn Mildaam. Syn fyzje hat oer de hiele wrâld folgelingen.

LTV_Froulju-yn-Japanse-kampen_doku_WR

Skeind mar net brutsen - oerlibje yn in kamp

04 Septimber 2005

Trije froulju fertelle oer har tiid yn in Jappekamp yn Nederlânsk-Ynje. It binne Jacoba Oswald-de Vries (berne yn 1911), Frouwien Rullmann-Oldhoff (berne yn 1925) en Win Rinzeman-Admiraal (berne yn 1934). Ek bern fan de froulju komme oan bod.

LTV_Drents-Friese-Wold_doku_WR

It bosk is fan ús allegear - oer it Drents Friese Wold

18 Septimber 2005

Yn Nasjonaal Park Drents Friese Wold wurde tal fan beammen kapt om sa mear fariaasje te krijen. It gebiet bestiet út 4.000 bunder bosk, der is heide en it woestyngebiet Keale Dunen. It kappen troch Steatsboskbehear ropt heftige reaksjes op. Der wurde ynformaasjejûnen belein foar omwenners en der wurdt in aksjegroep oprjochte dy't yn de supermerk mei ynformaasje stiet. Earder is de wetterhúshâlding yn it gebiet mei it Beekdal al opknapt. It Nasjonale Park smyt mear bekendheid op wat goed foar de rekreaasjesektor, lykas de camping, is.

Pages