Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0304A Krystspesjal

ABD-sjoo 0304A Krystspesjal

24 Desimber 2003

Spesjaal foar de krystdagen hat de Omrop in kryst-ABD-sjoo makke mei bern út it ZMLK-ûnderwiis. Dit is ûnderwiis foar dreech learende bern. De bern fan it Twalûk út Ljouwert en Frjentsjer stride tsjin de bern fan De Meester Duisterhoutskoalle út it Hearrenfean en Easterwâlde. Fan elke skoalle binne trije bern keazen dy't de groepen fertsjintwurdigje. Dy trije kandidaten wurde troch mear as hûndert bern yn de studio oanmoedige.

Krysttiid

Krysttiid

22 Desimber 2004

Oan de hân fan de tema's út it echte krystferhaal gie 'Wyn op Woansdei' op syk nei sân persoanlike krystferhalen. Sjoch yn dizze fideo nei: de stjêrren, de ingels, de herder, it ljocht, de Maria's, it offer en de stâl.

Linkk Ekstra: godstsjinst 3

Linkk Ekstra: godstsjinst 3

27 April 2001

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel trije fan de rige oer it leauwe: joadedom, kristendom en islam. Jildou Hoitsma giet yn op de oerienkomsten, elk leaut yn deselde God, mar ek op de ferskillen. Dat sit ûnder oare yn de gewoanten fan iten en bidden.