Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRJEMDE_FUGELS_2

Frjemde fûgels: bern yn spesjaal ûnderwiis

27 Novimber 1994

We folgje yn dit programma ferskate bern dy't oars as oars binne, en dêrom of op spesjaal ûnderwiis sitte of op in gewoane skoalle mei ekstra begelieding. We sjogge by de bern op skoalle en learkrêften en learlingen fertelle oer hoe't dat giet. Ellen komt fan Hurdegaryp en sit op de Johannes Brandsma-mavo yn Burgum, in reguliere skoalle, se hat it syndroom fan Down en hat in begeliedster. Jorn komt út Snits en sit op de prof. Grewelskoalle foar spesjaal ûnderwiis, hy hat in steurnis yn it autismespektrum.

LTV: In nije wei

LTV: In nije wei

07 Novimber 1999

Dokumintêre oer 'it ferkear op de digitale snelwei', op hieltyd mear plakken wurdt automatisearring brûkt yn it deistich libben. We sjogge by skoalbern op de Waadeilannen dy't fia de kompjûter leskrije fan in learaar yn Harns. Om de leefberheid op it plattelân te ferbetterjen krije doarpshuzen in kompjûter en wurde ynwenners foarljochte oer ynternet. Ek yn de soarch binne der foardielen, mei help fan elektroanika kinne âldere minsken langer thús wenjen bliuwe.

Sadwaande: fersmoarge grûn en fitamines

Sadwaande: fersmoarge grûn en fitamines

22 Oktober 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: fersmoarge grûn en fitamines.