Frjemde fûgels: bern yn spesjaal ûnderwiis

27 Novimber 1994

We folgje yn dit programma ferskate bern dy't oars as oars binne, en dêrom of op spesjaal ûnderwiis sitte of op in gewoane skoalle mei ekstra begelieding. We sjogge by de bern op skoalle en learkrêften en learlingen fertelle oer hoe't dat giet. Ellen komt fan Hurdegaryp en sit op de Johannes Brandsma-mavo yn Burgum, in reguliere skoalle, se hat it syndroom fan Down en hat in begeliedster. Jorn komt út Snits en sit op de prof. Grewelskoalle foar spesjaal ûnderwiis, hy hat in steurnis yn it autismespektrum. Freddie komt fan Ljouwert en siet op de Grewelskoalle mar sit no op in gewoane skoalle.