Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0205

Sybe Satellyt 0205

21 Jannewaris 1992

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering sjocht Sybe Satellyt by it asylsikerssintrum yn Ljouwert, bynt er de redens ûnder foar in reedrydles fan Schaats Training Groep de Pinguin en giet er nei de Foeke Sjoerdsskoalle yn Easternijtsjerk om de earste priis foar de tekenwedstryd út te dielen.

De chip haldt gjin skoft diel 3

De chip hâldt gjin skoft (diel 3)

03 Novimber 1988

'De chip hâldt gjin skoft' is in rige fan fjouwer útstjoerings oer automatisearring yn Fryslân.Yn de tredde ôflevering kinne jo sjen nei hoe’t grutte bedriuwen omgien mei automatisearring.

Mata Hari de musical 1

Mata Hari de musical 1

05 Maaie 1991

Earste diel fan de registraasje fan de Fryske musical Mata Hari yn 1991, skreaun troch Rients Gratama. Froukje Schaaf spilet Mata Hari.