Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Nei de brêgeklasse

Wyn op Woansdei: Nei de brêgeklasse

03 Septimber 2003

Programmamakker Annet Huisman folge Grietje Sybesma fan De Hommerts de trije earste skoaldagen mei in lytse kamera. Se giet op de fyts, mei fiif klasgenoatsjes, nei de HAVO/VWO brêgeklasse fan it Bogerman yn Snits. Grietje hat der sin oan en liket der ek oan ta te wêzen, mar dat nimt net wei dat it allegearre dochs spannend en nij is. Mentorles, wiskunde, Dútsk, lange dagen en in tas dy't fan de fyts falt.

LTV_MARNIX_GOOSSENS_FR_060403_WR

De keunst fan it sjen - fotograaf Marnix Goossens

30 Maart 2003

Portret fan de yn Ljouwert berne fotograaf Marnix Goossens. We sjogge him oan it wurk as er yn it lânskip in foto meitsje wol fan in stobbewylch. Hy makket realistysk wurk mei in surrealistysk trekje. Hy fertelt oer syn wurk en leafhawwers dogge dat ek, ûnder oare in keaper, galeryhâlder en de konservator fan it fotomuseum yn Den Haag.

Wurktiid TV: Waskerij De Blinde op It Hearrenfean

Wurktiid TV: Waskerij De Blinde op It Hearrenfean

08 Jannewaris 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it wurk fan de Arbeidsynspeksje, we sjogge by waskerij De Blinde op It Hearrenfean. Michiel Eebes fertelt dat de ynspeksje net inkeld ûndersyk docht by ûngelokken mar benammen sjocht nei de previnsje en wurkomstannichheden. Direkteur Frits Visser fan Business Communications yn Snits makket periodiken en begjint mei in oplieding foar grafisy.