Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180702_SADWAANDE_25_02_1998.mp4

Sadwaande: brillen, sport en frijwilliger (diel 2)

25 Febrewaris 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by de brillesaak, de bril wint oan populariteit, frijwilliger Bauke Batstra fan Snits is net in dei thús, sa drok hat er it by de fuotbalklup fan Snits en der is in diskusje oer it ferskil tusken sport en topsport. Yn de topsport soenen sponsors it tefolle foar it sizzen hawwe fynt Marinus de Haas.

LTV_Doarpendebat_doku_WR

Speure nei it DNA fan doarpen

02 Oktober 2005

Om te sjen hoe't doarpen groeie kinne mei each te hâlden foar karakter en lânskip wurde Easterlittens as terpdoarp yn Littenseradiel en Aldegea as feartdoarp yn Wymbritseradiel neier ûndersocht. Bewenners sette belangrike plakken op de foto en ferskate saakkundigen, lykas arsjitekt Gunnar Daan, lânskipsarsjitekt Els van der Laan en arsjitektuerhistoarikus Peter Karstkarel, litte har ljocht der ek oer skine.

LTV_NEI_DE_RAMP_SRI_LANKA.mp4

LTV Nei de ramp, Fryske helpferlieners yn Sri Lanka

06 Febrewaris 2005

Sujan Singarajah fan Kollum fleant yn 2005 mei syn skoanheit Jan en omke Jochum Leijstra nei syn bertelân Sri Lanka, om dêr help te ferlienen nei de grutte tsunami. Se hawwe guod en jild mei dat se earder ynsammele hawwe, en sykje in goede bestimming dêrfoar. Geandewei wurdt hieltyd dúdliker hoe grut de ravaazje is dy't de floedgolf achterlitten hat. De manlju geane gelyk oan it wurk om in weeshûs wer bewenber te meitsjen. Sujan fynt in goede bestimming foar it jild fan in earder yn Fryslân hâlden ynsammelaksje.