Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRYSK_FILM_FERLINE_1_WR

Frysk Film Ferline (1)

09 Juny 1996

Geart de Vries praat mei Anneke van Renssen fan it Frysk Filmargyf oer peareltsjes út de kolleksje. Der binne fragminten te sjen fan: in film fan de VVV oer Ljouwert út 1922, it sluten fan de Ofslútdyk yn 1932, de earste Fryske spylfilm Kar út twa út 1932 en de film It liet fan de Burd út begjin jierren fyftich.

OEROL_1996_2_WR

Reportaazjes Oerol 1996

13 Juny 1996

It programma Boppedat fan 13 juny 1996 stie sawat hielendal yn it ramt fan it Oerol-festival. It tema wie yn 1996 'het magnetisme van de Noordpool'.

Sadwaande_oer_offal_20_10_1999

Sadwaande: Offal

20 Oktober 1999

Dizze Sadwaande giet oer ôffal. We sjogge dat de heffingen foar ôffal ferskille per gemeente en prate dêr mei twa wethâlders oer. We sjogge by it wurk fan de 'snuffelaar' dy't de kliko's kontrolearret op it skieden fan ôffal. Yn Weststellingwerf skiede se neffens diftar. Prinses op learzens bringt it ôffal oer de gemeentegrins, dat is goedkeaper.