Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_NATUERBOU

Das yn de natuer

13 Febrewaris 1994

Yn dit programma sjogge we dat de das útset wurdt yn de Fryske natuer yn de Tsjongerfallei, se libje yn boargen en dy kinne wol iuwenâld wêze. Om foar te kommen dat se deariden wurde, komme der ek dassetunnels. It Fryske Gea is dwaande om it gebiet by de Wielen, ûnder Ljouwert, om te wurkjen ta ien grut natuergebiet mei âlde biologyske wearden. Net elke boer is dêr like wiis mei dat boerelân omset wurdt ta natuerlân.

LTV_LAN_FAN_DREAM_EN_WINSKEN_3_FRIESLAND_130200_WR

Lân fan Dream en Winsken: diel 3, Friesland yn Wisconsin en Vriesland yn Michigan

13 Febrewaris 2000

We sjogge by Friezen dy't emigrearre binne nei de stêden Friesland yn Wisconsin en Vriesland yn Michigan. Yn Friesland (W) moetsje we Melle en Akke Hoffman dy't noch Frysk prate en yn Vriesland (M) moetsje we Bill Tuinstra, oarspronklik fan It Hearrenfean. Beide mannen fertelle oer de emigraasje, de famylje, de rol fan de taal en it plak dêr't se no wenje. Op de toernee fan it Burgumer Manljuskoar komme se ek yn dizze plakken. By de konserten treffe Friezen om utens inoar.

It Oare Fryslân 1: de âlde spraak

It Oare Fryslân 1: de âlde spraak

28 Novimber 1999

It Oare Fryslân is in fjouwerdielige rige oer East-en Noardfryslân. Yn diel ien stiet de âlde spraak sintraal, oer de skiednis fan de Fryske taal. Yn East-Fryslân is de taal, útsein de trije doarpkes fan Sealterlân, útstoarn. Men is der oergean op it Ost-Friesisch Plat. Yn Noard-Fryslân binne noch sa'n 1.0000 minsken Frysktalich, mei njoggen dialekten. Mei Oebele Vries wurdt socht nei spoaren fan it Fryske ferline.