Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Krysttiid

Krysttiid

22 Desimber 2004

Oan de hân fan de tema's út it echte krystferhaal gie 'Wyn op Woansdei' op syk nei sân persoanlike krystferhalen. Sjoch yn dizze fideo nei: de stjêrren, de ingels, de herder, it ljocht, de Maria's, it offer en de stâl.

LTV_Portret-Corina-van-Eijk_WR

It Verona fan Corina fan Eijk

30 Desimber 2007

Portret fan operaregisseur Corina van Eijk en de opera (yn de greide) fan Spangea. We folgje Van Eijk by de repetysjes foar de operafilm Samson en Delila en se fertelt oer har leafde foar opera dy't se fan hûs út meikrigen hat. Sjongers fertelle oer de bysûndere manier fan wurkjen yn de tinte. Ek binne fragminten te sjen fan eardere útfieringen.

It Fryslan fan Marijke Jongbloed: Bûten de skepping

It Fryslan fan Marijke Jongbloed: Bûten de skepping

22 Novimber 1998

Fiif filmmakkers binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert' fan Geert Mak. Yn dizze film fan Marijke Jongbloed 'Bûten de Skepping' giet it oer it fiskersdoarp Moddergat. Se folget in groep Amerikaanske toeristen dy't leare oer de ramp yn 1883 doe't 83 fiskers omkamen yn in stoarm op see. Teade Basteleur fertelt oer syn pake dy't de ramp oerlibbe.