It Fryslan fan Marijke Jongbloed: Bûten de skepping

22 Novimber 1998

Fiif filmmakkers binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert' fan Geert Mak. Yn dizze film fan Marijke Jongbloed 'Bûten de Skepping' giet it oer it fiskersdoarp Moddergat. Se folget in groep Amerikaanske toeristen dy't leare oer de ramp yn 1883 doe't 83 fiskers omkamen yn in stoarm op see. Teade Basteleur fertelt oer syn pake dy't de ramp oerlibbe. Ek sjocht de filmmakster by in garnalefisker oan board, praat se mei âld-deagraver Jan Ley oer de feroaringen, se sjocht op de seedyk en it bûtendyks lân en by it meitsjen fan de netten.