Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ARGYF-iepenloftspul-FNO210326WE

Hjoed: Rúzje op 'e Ryp 1994

16 Juny 1994

Rúzje op 'e Ryp wie yn 1994 it earste iepenloftspul dêr't Omrop Fryslân yn it nijsprogramma Hjoed ferslach fan die.

Hjoed: Aaipop 28 maart 2005

Hjoed: Aaipop 28 maart 2005

28 Maart 2005

Fan 'e middei is de 18e edysje útein setten fan it Aaipop-festival yn Nijlân. Aaipop is in festival mei útslútend Fryske bands dy't sjonge yn de Fryske taal. De opset is oars as oare jierren. Dat hat te krijen mei de ferbou fan multifunksjoneel sintrum De Mande dêr't Aaipop hâlden wurdt. Sa is de harksankjesseal ferdwûn. Mar der is wol in grutte tinte by kaam. Sa kin de organisaasje mear minsken kwyt, al wie it healwei de middei noch net sa drok. It festival is wol útferkocht.

Hjoed: Aaipop 5 april 1999

Hjoed: Aaipop 5 april 1999

05 April 1999

It Aaipop-festival yn Nijlân is hjoed wer útferkocht. Mei 2900 besikers. It grutste Frysktalige popfestival kaam om twa oere wat stadich op gong, letter kaam de sfear der goed yn. In impressy.