FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_2_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 2: In Joadsk jonkje op It Bilt

15 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel twa komt Isaäc Lipschits oan it wurd. Hy kaam as 12-jierrige Joadske ûnderdûker yn 1943 by de famylje Balt op de pleats oan de Alde Biltdyk yn Sint-Jabik. Hy kaam fan Rotterdam dêr't syn famylje de Joadestjer drage moast. It wie feiliger om ûnder te dûken en fia fia kaam er yn Fryslân telâne. As stedsjonge moast er no meihelpe op de pleats. Hy krige in oare namme, Cornelis de Boer, en gie sa ek nei skoalle.

FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_1_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 1: Maaiedagen yn Makkum

08 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel ien de oanrin nei it begjin fan de oarloch. Hoe waard dy tiid belibbe yn Makkum en omstreken? Gertrud Faber-Hornstra, Pieter Tichelaar en Annie Keuning-Tichelaar, Bauke Kamstra en Willem Braam (doe soldaat) fertelle oer har oantinkens oan it begjin fan de oarloch. It giet oer de mobilisaasje, de Wûns-stelling, dat Makkumers flechtsje, oefeningen fan de Luchtbeschermingsdienst, striid by de Ofslútdyk, it bombardemint Rotterdam en dêrnei de kapitulaasje en de yntocht fan de Dútsers.

LTV_DRONRYP_1945

LTV: Yn it sicht fan de frijheid

01 Maaie 1995

Op 11 april 1945, fjouwer dagen foar de befrijding fan Fryslân, waarden by de brêge oer it Van Harinxma-kanaal by Dronryp trettjin minsken deasketten. Der wiene alve fersetsminsken by; ien fan harren oerlibbe it fjoerpeloton. Yn 1995 makke Omrop Fryslân in rekonstruksje fan dit drama by Dronryp; dizze is yn 2005 herhelle.

LTV: Piloaten yn 'e Gaastmar

LTV: Piloaten yn 'e Gaastmar

23 Maaie 1995

Hûnderten alliearde fleantugen stoarten yn de Twadde Wrâldoarloch del yn de Iselmar. Yn de nacht fan 14 op 15 oktober 1944 ferûngelokte in Halifax-bommewerper by Starum. Fiif fan de seis bemanningsleden berikten de kust en bleaune oant de befrijing yn april 1945 yn De Gaastmar.

Pages