LTV_DE_KRAAK_EN_DE_FILM

De kraak en de film

04 Maaie 2003

We sjogge mei belutsenen werom op de film 'De Overval 'út 1962 oer de ferneamde aksje fan it ferset dêr't 51 finzenen sûnder geweld by befrijd waarden út de Blokhúspoarte yn Ljouwert op 8 desimber 1944. Neist sênes út de film binne der ek bylden achter de skermen te sjen. Ald-fersetsstriders Goffe Hoogsteen en Jelle Visser komme oan it wurd, mar ek senarist Lou de Jong, regisseur Paul Rotha en akteurs Piet Römer en Kees Brusse. De film wie in grut sukses.

LTV_DER_DAMES_VERZET

Der Dames Verzet

27 April 2003

Teätergroep Com.plot makket de foarstelling 'Der Dames verzet' oer trije froulju yn de Twadde Wrâldoarloch: Esmée van Eeghen, Joop van der Helm en An Jaakke. Se binne aktyf yn it Ljouwerter ferset. An ferriedt Esmée. We sjogge de aktrises by de research en stikjes fan de foarstelling. Oaren fertelle oer Esmée van Eeghen (1918-1944), dy't as koerierster foar Krijn van der Helm wurke.

LTV_WEROM_NEI_AUSCHWITZ

Werom nei Auschwitz

28 April 2002

Herman Zilverberg (1920) fan Drachten giet werom nei it kamp Auschwitz I en Auschwitz II (Birkenau). Yn april 1945 is er befrijd. Wylst er troch it kamp rint, fertelt er oer de reis en wat er yn it kamp meimakke hat.

LTV_FAKANSJEHUS_DE_TERRORIST

Fakânsjehûs De Terrorist op It Amelân

02 Maaie 1999

Op inisjatyf fan âld-fersetsminsken waarden yn 1946 âlde barakken, boud troch de Dútsers, op It Amelân omboud ta fakânsjehûs De Terrorist, in geuzenamme. It hûs wie bedoeld foar froulju en bern dêr't de man/heit fan omkaam wie yn de Twadde Wrâldoarloch. Earst inkeld út Fryslân, letter út it hiele lân. Trije widdofroulju en har bern fertelle oer har tiid dêr, en ek Angeniet Rijkeboer-Kuipes, 'tante Truus', komt oan it wurd. Se wie de direktrise. De froulju en har bern moetsje inoar op It Amelân en helje oantinkens op.

LTV_FERSETSFILM

Fersetsfilm fan Eppie Bultsma

03 Maaie 1998

Fersetsman Eppie Bultsma filme yn de Twadde Wrâldoarloch it wurk fan it ferset. Hy wie haad fan de yllegale ynljochtingetsjinst en filme ûnder oare de tariedingen op de Overval, it wurk fan de Luisterpost en dat fan koeriersters. Nei de oarloch emigrearre de famylje nei Amearika, soan Jake hat de film oan it Verzetsmuseum Friesland skonken.

LTV_FERSETSMUSEUM

Verzetsmuseum Friesland

16 April 1995

Ut it fernijde Verzetsmuseum Friesland wei, ûnderdiel fan it Fries Museum yn de Kânselarij, praat Geart de Vries mei ferskillende minsken oer de Twadde Wrâldoarloch. Wybe de Jong en Trynke Postma-Friso fertelle oer har ûnderfiningen. De Jong wie aktyf yn it ferset en waard 14 april 1945 befrijd út Crackstate op It Hearrenfean. By de famylje fan frou Friso wienen ûnderdûkers, no jout se de jeugd foarljochting oer de oarloch.

LTV_VAN_EEN_LIMBURGSE_EN_EEN_FRIEZIN

'Van een Limburgse en een Friezin'

09 April 1995

Antje Hessels-Huitema (Waskemar) en Toos van den Borst-Abrahams (Beesel) binne al lang freondinnen. Se learden inoar kennen yn de Twadde Wrâldoarloch doe't Toos as 8-jierrich famke mei har famylje út Limburch nei Fryslân kaam as evakuee. Se kamen telâne by de famylje fan Antje. Toos fertelt oer de swiere reis dy't se ôflizze moasten, har mem hâlde in deiboek by. By de famylje fan Antje kamen se op in pleatske, wat doe noch Haulerwyk Beneden hiet. Se seagen der tsjin oan om evakuees te krijen, mar doe't de famylje nei de oarloch wer fuortgie, koenen se se net mear misse.

LTV_DE_FIIFSPRONG

De fiifsprong yn Ljouwert

02 April 1995

Tal strjitten kamen op de fiifsprong yn Ljouwert út, lykas de P.J. Troelstrawei en de Spanjaardsleane. It wie yn de oarloch in rike buert dêr't toskedokters wennen en Joadske ûndernimmers. Toskedokter Ruurd Rodenburg filme yn de oarloch wat op strjitte barde, dat die er stikem tusken de gerdinen troch. Hy filme kloften minsken dy't rinnende ûnderweis wienen nei it fleanfjild om dêr te wurkjen, Dútsers op strjitte en it opheljen fan de Joadske famylje De Jong. Net ien fan har oerlibbe de oarloch, sa docht bliken út ûndersyk yn it befolkingsregister.

LTV_FERSET_EN_FERRIED

KP fan Seisbierrum: ferset en ferried

01 Maaie 1994

Fjouwer manlju, leden fan de Knokploech fan Seisbierrum, binne yn 1944 deasketten troch de Dútsers foar har belutsenheid by it ferset, ûnder oare de oerfal op it gemeentehûs fan Sint-Anne dêr't se it befolkingsregister weinaam ha. Neibesteanden fertelle oer de geheime skûlplakken yn û.o. de pleats by Liauckamastate en hoe't de Dútsers de mannen oppakke koenen nei't se tipt wienen troch ferrieder Frans Michon. De fjouwer mannen wienen Lolle Rondaan, Folkert Bergsma, Gerrit Schuil en Gerben Derisé Oswald.

LTV_TRANSPORT_1919_3

Transport 1919: diel III

05 Desimber 1993

Programmamakker Gryt van Duinen siket it spoar fan tal fan Hamburger bern werom dy't yn 1919 nei de Earste Wrâldoarloch by Fryske famyljes ûnderbrocht waarden om oan te sterkjen. Der wie in soad honger yn Dútslân en dêroerhinne kaam ek nochris in krisis. Se folget Erica Fischer dy't as famke fan 8 jier by de famylje Van der Goot yn Hieslum kaam. Se is no 82 jier en sjocht werom op dy tiid. It Frysk dat se doe learde, is se noch net ferleard. De famylje hat altyd kontakt mei har hâlden.

FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_4_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 4: Twangarbeid yn Dútslân

29 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn it lêste diel folgje we Marten Winters fan It Hearrenfean wylst er troch Dútslân reizget. Yn 1942 kaam er yn Dútslân te wurkjen, hieltyd mear minsken moasten dêr oan it wurk, ek ûnder twang. De arbeidsburo's wurken dêroan mei en spegelen it moai foar mei kleurige affysjes. Winters hat op fiif plakken wurke, en sliepte yn barakken yn kampen. Minsken dy't wurk wegeren of flechten, moasten nei strafkampen. Johannes de Vries en Bertus Lubbering ha dat meimakke en helje oantinkens op.

FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_3_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 3: De april/maaiestaking fan 1943

22 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel trije stiet de staking fan 1943 sintraal. Fan de Dútsers moasten de mannen dy't ûnder de wapens west hienen, kriichsfinzen nommen wurde moatte. Dêr kaam in soad protest tsjin en tal fan minsken gienen yn staking. Boeren leveren gjin molke mear oan it fabryk. Boargemaster Johannes Brandsma fan Ljouwert fertelt oer dy tiid en dat docht ek de famylje De Jong dy't by Bartlehiem buorke en Wiebe Leenstra, direkteur fan it bûterfabryk. Ek hearre we fan de stakingen yn Aldegea (W.) dy't dêr wat letter op gong kamen.

Pages