Fryslân yn de lêste oarloch 1: Maaiedagen yn Makkum
Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel ien de oanrin nei it begjin fan de oarloch. Hoe waard dy tiid belibbe yn Makkum en omstreken? Gertrud Faber-Hornstra, Pieter Tichelaar en Annie Keuning-Tichelaar, Bauke Kamstra en Willem Braam (doe soldaat) fertelle oer har oantinkens oan it begjin fan de oarloch. It giet oer de mobilisaasje, de Wûns-stelling, dat Makkumers flechtsje, oefeningen fan de Luchtbeschermingsdienst, striid by de Ofslútdyk, it bombardemint Rotterdam en dêrnei de kapitulaasje en de yntocht fan de Dútsers. De petearen wurde ôfwiksele mei argyfbylden fan de oarloch.