ABD-sjoo 0304

ABD-sjoo 0304

09 Desimber 2003

Yn de fjirde ôflevering fan it tredde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen It Partoer út Burgum en De Barte út Drachten it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by in dowehâlder yn Twizelerheide. Te gast is Richard Mastenbroek, hy hat skorpioenen by him. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

ABD-sjoo 0303

ABD-sjoo 0303

18 Novimber 2003

Yn de tredde ôflevering fan it tredde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen De Klaeter út De Hoeve en De Striepe út Aldeholtpea it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by de hûneskoalle yn Snits, it bertehûs fan Gysbert Japicx yn Boalsert en biste-asyl De Wissel yn Ljouwert. Te gast binne Richard Mastenbroek en Mark Knobbe, se ha in mangrovevaraan by har. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

ABD-sjoo 0102

ABD-sjoo 0102

09 Oktober 2001

Yn de twadde ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen it Hazzeleger út Balk en de Meester Van Der Brugskoalle út Wâldsein it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we op it busstasjon, yn de Albert Heijn XL en yn it gerjochtshôf; allegear yn Ljouwert. Hendrik ten Hoeve lit it âldste part fan Ljouwert sjen. En bylden fan de ferhuzing fan Tryater, en it hekkeljen fan de greften yn Ljouwert. Presintaasje Sjonny Eagle.

ABD-sjoo 0304A Krystspesjal

ABD-sjoo 0304A Krystspesjal

24 Desimber 2003

Spesjaal foar de krystdagen hat de Omrop in kryst-ABD-sjoo makke mei bern út it ZMLK-ûnderwiis. Dit is ûnderwiis foar dreech learende bern. De bern fan it Twalûk út Ljouwert en Frjentsjer stride tsjin de bern fan De Meester Duisterhoutskoalle út it Hearrenfean en Easterwâlde. Fan elke skoalle binne trije bern keazen dy't de groepen fertsjintwurdigje. Dy trije kandidaten wurde troch mear as hûndert bern yn de studio oanmoedige.

Pages