Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0207

Sybe Satellyt 0207

10 Maart 1992

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering sjocht Sybe Satellyt hoe in dei fan de feedokter Jaap Hylkema der út sjocht en lit Simon Postma Sybe sjen hoe ’t hy einekuorren makket. Dêrneist fertelt Anne offereins hoe’t se by De Opstap yn Ljouwert kuolkasten ferwurkje.

Ambassadeur foar Fryslân: lânbou-attasjee yn Hong Kong (diel 1)

Ambassadeur foar Fryslân: lânbou-attasjee yn Hong Kong (diel 1)

11 Febrewaris 1990

Programmamakker Piter Tjeerdsma praat mei Reinder Schaap, berne yn Dearsum, en no lânbou-attasjee yn Hong Kong. Hy fertsjinwurdiget it ministearje fan Lânbou en spilet dus in grutte rol by de suveleksport fan Nederlân. Sa hat hy derfoar soarge dat der Fryske produkten lykas de Dokkumer Fruit Muesli yn de supermerken fan Hong Kong te krijen binne. Tjeerdsma is yn Hong Kong en praat mei ferskate sakeminsken, mar ek mei Klaas Pekel, in Fries, dy't as kok yn Hong Kong wurket.