Frysk Festival 3: Lân en wetter

21 Septimber 2008

Hoite en Sytze Pruiksma wurde folge by de tariedings fan har foarstellings. Yn 'Rite fan Wetter' kombinearre Hoite Pruiksma dûns, muzyk en wetter yn in teaterspektakel dat brocht waard midden op 'e Hofmar, by It Heidenskip. Sytze Pruiksma liet yn syn foarstelling 'Lân' it Fryske lânskip as in partituer sjen op grutte filmdoeken, midden yn it Hegewiersterfjild, in natuergebiet tusken Kimswert en Harns.