Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Bêdefabrikant AVEK

Wurktiid TV: Bêdefabrikant AVEK

13 Maart 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it famyljebedriuw AVEK (Arbeid, Vlijt en Kwaliteit) yn Surhústerfean. Der wurde bêden makke en spiraalboaiems. Se binne dwaande mei ynnovaasje en groei.

ABD-sjoo 0305

ABD-sjoo 0305

20 Jannewaris 2004

Yn de fyfde ôflevering fan it tredde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen Uniaskoalle út Wurdum en It Fûnemint út Wommels it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by in falkenier, de lânboupraktykskoalle yn Oentsjerk en by keunstner Hanneke Roelofsen yn Jorwert. Te gast is Richard Mastenbroek mei in hamsterrot. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Van Tuinen Thús by Gaatske Wiersma

Van Tuinen Thús by Gaatske Wiersma

22 July 2003

Thús by Gaatske Wiersma yn Eanjum, fûgelopfangsintrum 'De Fûgelpits'.